Sweden as learskoalle: jonge Fryske iismasters op natueriis-ekskurzje

De iismasters ynspektearje it Sweedske iis
De iismasters ynspektearje it Sweedske iis © Friesche IJsbond
In groep jonge Fryske iismasters is dizze dagen yn Sweden om ûnderfining op te dwaan mei natueriis. "Se kinne ús dêr goed ferskillende soarten iis sjen litte."
It is de earste kear dat de Friesche IJsbond sa'n trip nei it bûtenlân organisearret. "It idee kaam fan iismaster Sytse Kroes", seit bestjoerslid Annet Koopmans. "Hy wie sels in kear te riden yn Sweden en kaam derachter dat de waarsomstannichheden dêr bot oerienkomme mei de omstannichheden yn Nederlân."
De groep bestiet benammen út jonge iismasters tusken de 30 en 50 jier. Dy nije generaasje hat noch net faak natueriis meimakke. Dêrom wurdt oer de grins sjoen om kennis op te dwaan.
De iismasters ynspektearje it Sweedske iis
De iismasters ynspektearje it Sweedske iis © Friesche IJsbond
"Wy krije in iisekskurzje, dêr't twa Sweedske gidsen by meigeane", seit iismaster Sytse Kroes. "Se hawwe dêr in soad ûnderfining mei natueriis en kinne ús dêr goed ferskillende soarten iis sjen litte. En se binne dêr wend om tochten te organisearjen, yn waar en wyn."
As it ienkear safier is dat we ride kinne, is it belangryk dat we klear steane.
Sytse Kroes
It opdwaan fan mear iisûnderfining is net it iennichste doel fan de reis. Ek de ûnderlinge gearwurking is tige wichtich.
"As it ienkear safier is dat we ride kinne, is it belangryk dat we klear steane", fertelt Kroes. "We moatte inoar helpe dêr't it kin en dan helpt it ast elkoar al kenst. It petear dat we dizze dagen fiere is tige wichtich."
It winnen fan nije en foaral jonge iismasters is wichtich. De reis is dan ek benammen foar harren ornearre. De hjoeddeiske generaasje iismasters fergrizet hurd. As der neat dien wurdt, soe it fak oer in oantal jier miskien útstjerre.
By de wâl op
By de wâl op © Friesche IJsbond
Dat de âldere garde de kennis noch net echt op de jongere garde oerbringe kin, komt neffens Kroes ek omdat der yn Nederlân net faak natueriis is. "Dat kin net op keunstiis, mar dat sil echt op natueriis barre moatte. Dêrom binne der ek betûfte iismasters mei."
De iismasters fan de takomst kinne har nije kennis yn Sweden fuort yn de praktyk bringe. "En as dizze trip goed befalt, binne we fan doel om faker soks te organisearjen."