Spitse wol nei Spelen: "We zijn beter dan op het WK"

Spitse
Spitse set de linen út yn de wedstriid tsjin België © Orange Pictures
Sherida Spitse wol har freed mei it Nederlânsk alvetal pleatse foar de Olympyske Spelen. Dan moat Spanje útskeakele wurde. En Spanje is de wrâldkampioen, en dus favoryt. Dochs? "Als jullie dat zo zien, dikke prima."
Op it wrâldkampioenskip fan ôfrûne simmer yn Nij-Seelân en Australië waard Spanje foar it earst wrâldkampioen. Wat foaral hingjen bleau, wie de rel mei Luis Rubiales, de bûnsfoarsitter dy't spylster Jennifer Hermoso in tút op de mûle joech by de huldiging. It waard in ynnasjonale diskusje en yntusken is Rubiales opstapt.
Wat in soad miskien minder farsk yn it geheugen ha, is dat Spanje yn de kwartfinale pas nei ferlinging wûn fan Nederlân. Spitse en har ploechgenoaten wiene tichtby de heale finale.

Nederlân is better wurden

Dat Nederlân lang mei Spanje meikomme koe, jout hoop. Mar Spitse giet noch in stapke fierder. "We zijn beter dan op het WK. Vooral aan de bal is het beter geworden. En we zijn nu fitter. We kunnen het langer volhouden."
Sherida Spitse
Sherida Spitse © Orange Pictures
Benaud hoege de Nederlânske froulju net te wêzen, fynt Spitse. "Tuurlijk is Spanje een goed elftal, maar ik weet niet of we onszelf moeten zien als underdog."
"Op het WK hebben we ons ook goed laten zien en daarna hebben we ons goed ontwikkeld. Dus als jullie Spanje de favoriet maken, dikke prima. Maar zij spelen ook tegen een goed Nederland."

Konklúzjes lûke út ferlies op WK

Om it alvetal op skerp te setten hat bûnscoach Andries Jonker syn spylsters koartlyn noch in kear nei it ferlerne WK-duel sjen litten, fertelt Spitse.
"We kwamen tot de conclusie dat het vooral gaat om wat wij met de bal doen. Als wij de bal hebben, moeten wij die langer hebben, zodat zij meer achter ons aanlopen. Als we de bal alleen maar aan Spanje geven, is dat niet in ons voordeel."
Yn dy wedstriid waard Oranje sa no en dan oerrompele troch it oanfallende spul fan Spanje. Mar ferdigenjender spyljen sjocht Spitse net sitten. "Dat is niet ons spel. Spanje is goed in positiespel, maar wij ook. Ik vind dat je nooit met de rem erop moet spelen."
Spitse helle mei Ajax dit seizoen de kwartfinale fan de Champions League
Spitse helle mei Ajax dit seizoen de kwartfinale fan de Champions League © Orange Pictures
Spitse is mei 227 wedstriden rekôrynternasjonal fan Oranje. Se wûn in Europeeske titel, helle de WK-finale, mar op de Olympyske Spelen spile se noch net. Nederlân stie trije jier lyn wol op de Spelen yn Tokio, mar flak foardat it toernoai begûn, rekke Spitse blessearre oan 'e knibbel.
Mar dat makket de wedstriden fan no net ekstra beladen foar har. "Het was zuur, maar de Spelen halen is niet een persoonlijk doel op zich. Ik wil gewoon zo veel mogelijk wedstrijden spelen met Oranje."

Striid om twa olympyske tickets

It duel Spanje - Nederlân is de heale finale fan de Nations League. As Nederlân wint, is pleatsing foar de Olympyske Spelen wis. De finale fan de Nations League is yn dat gefal kommende tiisdei yn it Abe Lenstra Stadion.
By ferlies spilet Nederlân tiisdei om it tredde plak fan de Nations League. Oranje moat dan hoopje dat Frankryk de oare heale finale fan Dútslân wint, want dan spylje Nederlân en Dútslân noch om it lêste olympyske ticket. Frankryk is as gastlân nammentlik al pleatst.
Hoewol't it WK noch altyd grutter is, binne de Olympyske Spelen ek in moai evenemint om by te wêzen. "Het is in Parijs, het is dichtbij. En om daar te zijn met al die andere sporten lijkt me ook heel mooi."
Oft Nederlân no wint of ferliest fan Spanje, kommende tiisdei spylje de 'liuwinnen' yn it Abe Lenstra Stadion. Dat betsjut dat Spitse weromkomt nei Fryslân. "Dat vind ik mooi. Ik heb er toch vijf jaar gevoetbald. Mooi in het noorden, iedereen kan komen."
En sa hat Spitse der ynienen in soad freonen by. "Ik heb al veel vragen gekregen over kaartjes. Alleen ik heb niet honderd kaarten die ik kan weggeven."