Liveblog | 22 febrewaris

112-nijs 22 febrewaris: Sydgevel hotel Drachten nei ûnderen kaam | koade oranje foar stoarm Louis

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 22 febrewaris, 21:45
21:45

Auto yn de sleat by Suwâld

Auto yn de sleat by Suwâld
Auto yn de sleat by Suwâld © AS Media
In auto is tongersdeitejûn yn de sleat bedarre oan De Warren yn Suwâld.
De bestjoerder rekke troch ûnbekende oarsaak de kontrôle oer de auto kwyt, rekke fan de dyk en bedarre fia de boskjes yn de sleat.
Der rekke lykwols nimmen ferwûne. In berger hat de auto meinaam.
21:07

Sydgevel hotel Drachten nei ûnderen kaam

Troch de hurde wyn is de sydgevel fan in hotel yn Drachten nei ûnderen kaam.
De brânwacht hat de boel ôfset en hifket oft alles feilich is.
De rekke nimmen ferwûne by it ynsidint.
Gevelplaat nei ûnderen kaam
Gevelplaat nei ûnderen kaam © SR Fotografie
16:27

Jûn let koade oranje

It KNMI jout jûn koade oranje ôf foar stoarm Louis. De warskôging jildt foarearst fan 22.00 oere ôf.
Earder op de jûn, om 20.00 oere, giet koade giel al yn. Koade giel komt geregeld foar, koade oranje is in stik seldsumer.
Der binne jûn tige swiere wynstjitten mooglik, mei oan de kust snelheden fan 120 kilometer yn 'e oere. Mear yn it lân kin de wyn in snelheid fan 100 kilometer yn 'e oere berikke.
15:42

Fytser ferwûne yn Easterwâlde

In fytser is fan 'e middei ferwûne rekke nei in botsing mei in bestelbus yn Easterwâlde. De ambulânse en plysje kamen gau nei it plak fan it ûngelok, wêrnei't it ambulânsepersoniel de man behannele hat. It slachtoffer hat nei alle gedachten in brutsen skouder oprûn, hy is oerbrocht nei it sikehûs.
13:11

Brân Ealahuzen is út

De brân yn Ealahuzen is út. Dat meldt de brânwacht. In spesjale stichting helpt de bewenners mei it ôfhanneljen fan de skea. Der rekke net ien ferwûne by de brân. "It foel bot ta", seit in wurdfierder fan de brânwacht.
12:50

Brân Ealahuzen "kleine smeulbrand"

De earste brânwachtploech is yn Ealahuzen. "In de meterkast van de woning blijkt een kleine smeulbrand te zijn", meldt de brânwacht.
"Voor het blussen hiervan zijn twee tankautospuiten voldoende. Wij schalen terug naar middelbrand."