Twa jier oarloch: "Ien ding is wis: úteinlik wint Oekraïne"

Dariia Merkotan kaam yn maart 2022 mei har mem nei Fryslân ta
Dariia Merkotan kaam yn maart 2022 mei har mem nei Fryslân ta © Omrop Fryslân
Dariia Merkotan waard twa jier lyn thús yn Cherkassy wekker, doe't har mem nerveus yn 'e hûs om rûn. "De oarloch is begûn", krige Dariia te hearren. Twa wiken letter sloegen se op de flecht nei Nederlân. Se kamen yn Beetstersweach terjochte.
Foar Omrop Fryslân hold Dariia, doe noch mar 17 jier, in deiboek by. Se fertelde hoe't har libben op de kop stie en hoe't it wie om as Oekraynske flechtling yn Fryslân te wenjen.
Yntusken wennet Dariia mei har famylje op 'e Gordyk. Presys twa jier nei de earste grutskalige oanfallen fan Ruslân op Oekraïne fertelt Dariia yn in nij deiboekferhaal hoe't it no mei har giet.
Ik hie my noait foarstelle kinnen dat myn libben der no sa útsjen soe.
Dariia Merkotan
"It is noch hieltyd muoilik om te leauwen dat de ynvaasje yn Oekraïne twa jier lyn begûn, dat de libbens fan de Oekraïners folslein feroare binne. It is hast net te befetsjen dat yn ien kear al ús prioriteiten, ambysjes en libbensdoelen sa bot oan kant dreaun binne.
Op it stuit dat ik dit skriuw, hie ik my noait foarstelle kinnen dat myn libben der no sa útsjen soe."

Soad feroare

"Der is in soad feroare sûnt ik yn Nederlân oankaam bin. Ik bin no 19 jier en sit yn it twadde jier fan de oplieding Media Studies oan de Ryksuniversiteit Grins. Ik sit ek yn myn tredde jier fan International Management oan de universiteit fan Kyiv."
Dariia by in bushalte op De Gordyk (argyffoto)
Dariia by in bushalte op De Gordyk (argyffoto) © Omrop Fryslân
"It kostet my in hiel soad tiid om by te bliuwen op beide ynstellingen, dus dat is soms wol dreech. Mar hast elke Oekraynske jongere dy't yn it bûtenlân studearret, sit yn deselde situaasje as my. It is in soad wurk, mar it jout ús ek de mooglikheid om kennis op te dwaan en de basis te lizzen foar in moaie karriêre yn de takomst.
Ik ha nije freonen makke en kunde opdien, sy moedigje my ek oan om posityf en produktyf te bliuwen en jouwe my tagelyk in soad stipe wannear't ik it nedich ha."

Yn kontakt bliuwe

"Tusken de kolleezjes troch sitte in soad oare Oekraïners en iksels by gearkomsten fan frijwilligersorganisaasjes. Sa bliuwe we yn kontakt mei-inoar, freegje we omtinken foar de situaasje yn Oekraïne by Nederlanners en dogge we oan fûnsewerving.
Dariia yn Ljouwert
Dariia yn Ljouwert © Eigen foto
We binne hiel tankber oan de Nederlanners dy't ús helpe, sy litte ús sjen dat se om ús jouwe.
Myn âlders ha wurk fûn yn Nederlân. Dat jout ús wat stabiliteit en sa kinne we ús famylje yn Oekraïne ek wat helpe. En al is it dreech wurk, it fielt goed om hjir ús stientsje by te dragen."
Elke kear dat we it nijs sjogge oer de lêste oanfallen yn Oekraïne, steane ús libbens even stil.
Dariia Merkotan
"Yn myn frije tiid besykje ik my sa bot mooglik studint te fielen en it Nederlânske studintelibben mei te meitsjen. Fierder reizgje ik it lân troch om mear te learen oer de Nederlânske kultuer, tradysjes en skiednis.
Salang't myn broer en pake en beppe yn Oekraïne bliuwe, geane ús soargen oer harren net fuort. Elke kear dat we it nijs sjogge oer de lêste oanfallen yn Oekraïne, steane ús libbens even stil en wurde we benaud en nerveus, hielendal omdat we elkoar net helpe kinne sa't we wolle soenen."
Dariia mei har mem Svitlana en heit Andriy (argyffoto)
Dariia mei har mem Svitlana en heit Andriy (argyffoto) © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
"Mar dochs, ús pake en beppe wenje yn Cherkasy, dêr't ik ek wei kom. En by elk telefoantsje dat we dogge, fernimme we dat sy wend reitsje oan alle sirenen en de driging fan wer in oanfal.
Myn broer wurket by ferskate frijwilligersorganisaasjes yn Kyiv om oanfallen gebieten te forsjen fan auto's, wapens en medikaasje. Hy helpt ek mei om de ferneatige gebieten wer op te bouwen."

Net te foarsizzen

"Alle Oekraïners binne sterker wurden, troch alle pine en ûnrjocht dat we de lêste tiid oer ús hinne krigen ha. It is sa dreech om te akseptearjen dat ús libbens sa ûnlosmaaklik ferbûn binne mei politike besluten, it is ek net te foarsizzen wat der noch te gebeuren stiet.
Gjinien wit hoelang't dit noch duorret, mar ien ding is wis: úteinlik wint Oekraïne."