Resinsje Allinnich Anna: it wurdt altyd wol wer ljocht!

indexfoto Allinnich Anna
Henk te Biesebeek beskôget Allinnich Anna © Omrop Fryslân
De foarstelling Allinnich Anna soe benammen in grutte terapeutyske wearde ha foar taskôgers mei in 'net-oanberne harsenletsel'. Dat mei sa wêze, mar just de teätrale wearde fan it stik liicht der net om. Nynke Heeg bygelyks spilet de haadpersoan sa oertsjûgjend dat de taskôger yn it hert rekke wurdt. Moai!
It begjin fan foarstelling hakt der daliks yn. In fleurige frou dy't helpleaze, skeinde en ferstjitten bisten leafdefol opfangt yn har bistepensjon. Yn har húskeamer boartet se leafdefol mei har hûn Jacob.
Dan falt se samar del, troffen troch in harsenynfarkt. Fan de iene op de oare dei kin se neat mear. Har lichem funksjonearret net mear en ek prate slagget har net. Opsletten yn har eigen tinzen. Wat sil der barre mei har bisten, wat mei harsels?

Jeugdfreon

Har hûn Jacob begrypt der ek neat fan. Hoe begrutlik as syn slikjen en emosjonele geblaf sûnder resultaat bliuwt. Lokkich wurdt Anna noch krekt op tiid fûn troch har bistedokter en jeugdfreon Klaas.
In ûnûntkombere mar muoisume wei fan refalidaasje en herstel is it gefolch. In syktocht fol woede, frustraasje en ûnwissichheid. "Wa bin ik as ik mysels net wêze kin?" Mar Klaas blykt har stipe en taflecht. "Hâld moed, dan komt it goed", is syn boadskip.
resinsje Allinnich Anna
Stapke foar stapke refalidearje: hâld moed, dan komt it goed © Jacob van Essen
De foarstelling is basearre op it libben fan Tet Rozendal sels. Sa'n seis jier lyn alwer, krekt doe't in glânsrike poadiumkarrière foar har lei, kaam se raar te fallen. Op har achterholle. Mei in saneamd 'post concussion syndrome' ta gefolch, in 'net-oanberne harsenletsel'.
Se koe hast neat mear ferneare. Alle prikkels om har hinne wiene har tefolle. "Opsluten sitte yn in wc-hokje wylst tûzen tennisballen dy om de earen fleane", omskreau Tet sels har syktebyld. Hiel stadichoan en mei help fan craniosacraal terapy fûn se stapke foar stapke har paad wer werom. As minske en as keunstner.

Terapy

Fansels is Allinnich Anna net ien op ien it ferhaal fan Tet. It moast perfoarst wol keunst bliuwe, toaniel foar eltsenien. Mar dochs hat it har wol holpen om har trauma te ferwurkjen. Har pine in plak te jaan. Yndied as in soarte fan terapy. "Ik ha wol trije kear skriemd doe't ik de foarstelling foar it earst seach", jout se earlik ta.
resinsje Allinnich Anna
En dan samar is it oer en falt Anna yn in djip gat © Jacob van Essen
Haadpersoan Anna wurdt spile troch aktrise Nynke Heeg. Ek foar har is de foarstelling fan terapeutyske wearde. Krekt as Tet hat sy in skoft opsletten sitten yn har eigen holle. It paad folslein bjuster.
Dat barde doe't Nynke har man samar ynienen kwytrekke en sy achterbleau mei har trije bern. It brocht ek har oan de râne fan de mienskip. Yn in soarte fan passive oerlibbingsstân woe se it toanielspyljen der sels foargoed oanjaan. Se is bliid dat Tet har foar dizze rol frege hat. Stapke foar stapke krige se de smaak fan it toanielspyljen wer te pakken.

Striid

En hoe. Nynke Heeg stiet wer op it poadium as hat se nea fuortwest. Se spilet Anna fol krêft en oertsjûging. Mar doart ek it wrakseljen sjen te litten. As it needlot taslacht, je libben yn it wetter falt en en it net daliks slagget om wer oerein te kommen. De frustraasjes dy't dat opsmyt.
Prachtich hoe't Nynke alle tiid en romte nimt, nee opeasket om har persoanlike striid foar it publyk universeel te meitsjen. Oandwaanlik mar ek tige werkenber. In prestaasje fan nivo!
resinsje Allinnich Anna
De hûn treflik op it poadium ta libben brocht troch Romke Gabe Draaijer © Jacob van Essen
Dat jildt ek foar Wybo Smids dy't de rol fan bistedokter en freon Klaas foar rekken nimt. Dat Wybo syn karakters flot en deeglik delsette kin, witte we yntusken wol. Mar hoe moai as hy dan dochs in laadsje ekstra iepenlûkt en in spegel fan de siel fan Anna wurdt.
Knap hoe't er dan de diggels fan it emosjonele revalidaasjeproses bymekoar wit te hâlden. En foarm jout oan de kearn fan it stik: dat we altyd moed hâlde moatte. Hy sjongt der sels oer.
"It wurdt altyd wer maitiid, al duorret de winter lang. It wurdt altyd wer maitiid, dus leave, wês net bang. Efter de wolken skynt de sinne, ek al sjochst it no noch net, it wurdt altyd wer better, ier of let."

Muzyk

Dy muzyk hat oars in hiel wichtich oandiel yn dizze foarstelling. De lieten kreas spile en songen troch sawol Wybo as Nynke binne mear as muzikaal semint tusken de sênes. Se wjerspegelje nammentlik treflik de gefoelens fan ûnmacht en fertriet fan de personaazjes, dy't as platte toanieltekst nea datselde effekt hiene hawwe kinnen.
resinsje Allinnich Anna
De muzyk yn de foarstelling is mear as it semint tusken de ferskate sênes © Jacob van Essen
O ja, dan is der noch de hûn Jacob. Wêrfoar de hûn Famke fan Tet model stien hat. Dy't har troch de dreechste tiden hinne sleept hat. Dit kear lykwols gjin echt bist op it poadium, sa as yn de foarstelling Bijke fan Pier 21, mar in soarte fan poppekastpop yn grut formaat.
Sa moai hoe't akteur Romke Gabe Draaijer it bist wurklik ta libben wit te bringen. Mei syn geblaf en gegrom, de emosjonele lûdsjes, mar benammen it swypkjen fan de sturt. Gjin maklike rol liket my, mar hearlik spile.

Prikkelfrij

Fanwege it tema hat Tet derfoar soargje wold dat minsken mei net-oanberne harsenletsel sa prikkelfrij mooglik de foarstelling belibje kinne. By de foarstelling dy't ik yn Burgum besocht waarden dêrfoar spesjale koptelefoans útdield.
Mar ek is foar minsken mei in trauma in aparte yngong en in prikkelfrije foyer ynrjochte. Dernjonken wurde ek noch lêzings fersoarge oer it senuwstelsel en mooglike terapyen.
Moai fansels allegear. Mar ek sûnder dat alles bliuwt Allinnich Anna gewoan as toanielstik an sich in hiel boeiende foarstelling mei in soad ferdivedaasje. Om oer nei te tinken. Dat dan wol wer.