IIsmaster op eftergrûn fan Alvestêdetocht "bleau altyd in sportman"

piet
Henk Kroes en Piet Venema, in pear dagen foar de Alvestêdetocht fan 1997 © Omrop Fryslân
Piet Venema hie net allinnich in soad doel oer iis, hy wie ek in hiel beminlike man. Dat seit Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening, oer de eardere iismaster dy't dit wykein op 91-jierrige leeftiid stoar.
Kroes en Venema lutsen yn 1996 en 1997 in soad mei elkoar op. It earste jier koe de Tocht úteinlik krekt net trochgean, in jier letter koenen se it goede nijs oan Fryslân en de wrâld fertelle.
De ôfrûne jierren hienen de twa net in ôfgryslik soad kontakt, mar se kamen elkoar noch geregeld tsjin op reünys fan de ferskate Alvestêdetochten. "En dy wienen der genôch, dus we ha elkoar noch wol in soad troffen. Dan gong it altyd wer oer it iis."
Henk Kroes: "Hy wie in beskieden man"
Venema wie net in man dy't himsels op de foargrûn sette, fertelt Kroes. "Hy liet him net hiel bot jilde, mar wist altyd presys wêr't it oer gie. Hy wie der op it stuit dat it nedich wie."
Mediatraining wie der noch net, hy koe moai himsels bliuwe.
Henk Kroes oer Piet Venema
As âld-reedrider - Venema ried de tochten fan '56, '63, '85 en '86 - hie er in soad ûnderfining mei natueriis. "Hy wie in hiel fûleindich reedrider. Dêrtroch koe er ek ferbining bringe: hy bleau altyd sportman en wie dus ek altyd motivearre om it trochgean te litten."
En al wie Venema mear fan de achtergrûn, as iismaster fan de Alvestêdeferiening stie er benammen yn 1996 (doe't de tocht net trochgie) en 1997 (doe't it wol koe) in soad yn de belangstelling fan de media. "Dat fûn er ek wol wer leuk. Mediatraining wie der noch net, hy koe moai himsels bliuwe."
Yn 1996 wie Venema der wol in kear klear mei. It wie doe echt winter, mar in Alvestêdetocht kaam der net. "Piet en ik wienen der sels hillich fan oertsjûge dat it trochgean soe", wit Kroes noch. "Sa gongen we ek nei de fergadering mei de rayonhaden en we hienen it ek nei de parse sa kommunisearre."
"Mar doe binne we weromfluite: it tal knyppunten wie dochs te grut. Op de parsekonferinsje moasten we dus fertelle dat it nét trochgie, doe ha we fan alles oer ús hinne krigen."
Venema hie syn ferhaal doe wol dien, mar it wie foar de parse net genôch. "Hy is doe even nei it bûtenlân ta flechte, hy fûn it wol even goed. Op in stuit ha je neat mear te fertellen, dan ha je je ferhaal wol dien. We tochten: hâld ris op te seuren, it kin gewoan net."
Henk Kroes oer 1996 en 1997
Achterôf wie 1996 in goede generale repetysje, wêrtroch't de organisaasje fan de Alvestêdetocht fan 1997 samar rûn wie.
Doe't Venema opholden wie as iismaster, droech er syn kunde oer. "Hy joech les oan jongere rayonhaden om se it fak te learen. Hy wie hiel noflik yn de gearwurking, dat hat my ek hiel bot holpen yn 1996 en 1997."