De mummys fan Wiuwert bliuwe in mystearje: "En dat is mar goed ek"

Stephan Kurpershoek yn de grêfkelder fan Wiuwert
Stephan Kurpershoek yn de grêfkelder fan Wiuwert © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Se lizze der al iuwen, mar út en troch komme se wer efkes yn it nijs: de mummys fan Wiuwert. De kondysje fan de mummys soe efterút gean, waard koartlyn sein. Mar wat is no it ferhaal fan dy mummys?
Wa lizze hjir yn dizze grêfkelder en wat hawwe de bewenners fan it ea ymposante, mar no ôfbrutsen Walta State der mei te krijen? Stephan Kurpershoek is ien fan de gidsen fan de mummykelder fan Wiuwert en ken it ferhaal as gjin oar.
Dat ferhaal begjint yn it jier 1765. Timmerlju fûnen yn de grêfkelder alve kisten mei dêryn yndrûge lichems. De deksels leine der los op, omdat dat gebrûklik wie yn dy tiid.
"It ferhaal giet dat de timmerlju al razend fan eangst út de kelder draafden", seit Kurpershoek.
De eangst foar skyndea wie grut. It barde wol dat minsken begroeven waarden wylst se noch libben. Sa binne der kisten fûn mei oan de binnenkant krassen fan neils. As it deksel los wie, dan koene minsken dochs noch út de kiste komme.
Stephan Kurpershoek (argyffoto)
Stephan Kurpershoek (argyffoto) © Omrop Fryslân
Mar wa binne de minsken yn de kisten fan Wiuwert? En hoe kin it dat dizze lichems mummifisearre binne?
It binne fragen dy't minsken ek hjoed-de-dei noch dwaande hâlde. Want we witte in soad, fertelt Kurpershoek, mar net alles.

It garisma fan Jean de Labadie

Wat wol bekend is dat de grêfkelder hearde by Thetinga State, in foarnaam hûs dat ek wol Walta State neamd waard. Dizze state wie fan de famylje Walta.
Lutske Walta troude mei Francois van Aerssen en trije fan harren dochters rekken yn de ban fan de Frânsman Jean de Labadie (1610-1664). Labadie wie in preker mei in soad garisma.
Jean de Labadie (1610-1664)
Jean de Labadie (1610-1664) © Omrop Fryslân
Minsken wiene bot ûnder de yndruk fan de wize fan preekjen en de ideeën fan De Labadie. Sy giene efter him stean. Mei de bril fan hjoed-de-dei soene wy it in sekte neame.
Bysûnder wie dat benammen minsken fan hege komôf harren oansletten by de groep, wêrfan't de leden 'labadisten' neamd waarden.
De groep woe werom nei de kearn fan de Bibel. Soberheid stie foarop en besittingen giene oer nei de groep. Fanwegen de radikale ideeën moast De Labadie Frankryk ferlitte. Hy en syn folgelingen bedarren sa yn Wiuwert, by Walta State.
Italianen, Ingelsken, Dútsers, Poalen, Denen. It hat in hiel bysûndere mienskip west.
Stephan Kurpershoek
"Op dat slot sieten minsken út hiel Europa: Italianen, Ingelsken, Dútsers, Poalen, Denen. It hat in hiel bysûndere mienskip west", seit Kurpershoek.
Ien fan De Labadie syn folgelingen wie Anna Maria van Schurman (1607-1678). Van Schurman wie al jong bekend fanwegen har brede kunde en selsstúdzje. Yn 1636 waard sy as earste froulike studint talitten op in Nederlânske universiteit en sy groeide út ta in ferneamd gelearde.
Se waard op lettere âldens hieltyd frommer en krige in hege posysje by de labadisten op Walta State. Van Schurman is dêr ek ferstoarn.
Anna Maria van Schurman (1607-1678)
Anna Maria van Schurman (1607-1678) © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Guon ferhalen sizze dat Van Schurman wolris ien fan de mummys yn de grêfkelder wêze kin. Oaren sizze lykwols dat sy bûten de tsjerke op it hôf begroeven is.

De tosken fan Anna Maria

Stephan Kurpershoek tinkt net dat Van Schurman yn de grêfkelder leit. Want it is fan har bekend dat se oan de ein fan har libben gjin tosken mear hie. Dat wylst de froulike mummys yn de kelder wol tosken hawwe.
Der leit yn elts gefal ien labadist yn de kelder. Dat wie in goudsmid mei de namme Stellingwerf. Hy wie in bekende labadist en it stiet beskreaun dat hy yn de kelder bysetten wurde woe nei syn dea. Fan de oare trije mummys is net bekend wa't it binne.
De timmerlju fûnen yn 1765 alve kisten yn de kelder, mar dêr binne der noch mar fjouwer fan oer. Troch de iuwen hinne is der fan alles bard mei de mummys.
"Men hie de histoaryske 'feeling' noch net", seit Kurpershoek. Sa hawwe minsken fan de Universiteit fan Frjentsjer ferskate mummys meinaam yn de hoop it mystearje te ûntraffeljen.
Kurpershoek begrypt dat wol. "It wie de tiid fan de ferljochting, de mummys wiene in prachtich ûndersyksobjekt foar de wittenskip." Mar sadree't de mummys út de kelder helle wiene, fergienen se. Der bleau al gau neat oars mear oer as wat bonkjes.

Beppe Antsje hold de kelder graach skjin

Der waard somtiden ek wol wat rûch omgien mei de mummys. Sa wie begjin foarige iuw de widdo Bakker, better bekend as 'beppe Antsje', konsjerzje fan de tsjerke.
Sy hold de boel graach skjin, fertelt Kurpershoek. "En se wie net benaud." Dus helle se de mummys ek wolris út de kisten wei, sadat se dy kisten efkes skjinskrobje koe.

No sitte der platen op de kisten en kinne minsken der net mear by. Van Kurpershoek snapt de krityk net dat de mummys efterút geane soene.
"We hawwe wol krekt it ljocht feroare", fertelt er. Fan wyt ljocht nei wat gieler sfearljocht. Mooglik lykje de mummys dêrtroch oars, tink er.
Ien fan de mummys fan Wiuwert
Ien fan de mummys fan Wiuwert © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Hoe kin dat dan dat de lichems mummifisearre binne, dêr yn in midsiuwske grêfkelder middenyn Fryslân? Dêr binne ferskate teoryen oer.
Sa soargje luchtgatten oan beide einen fan de kelder foar in oanhâldende luchtstream yn de kelder. De luchtfochtigens spilet ek in rol. Fierders stiet de tsjerke op in terp. Hat de fruchtbere grûn ynfloed?
Mar ek: hoe sit it mei de leilinen? Dit soene magyske ierdstrielen wêze dy't dwers troch ús lânskip rinne. Tsjerken binne boud op plakken dêr't earder al heidenske hillichdommen stiene: is Wiuwert sa'n 'magysk plak'?

It mystearje bliuwt

Neffens Kurpershoek is it net folslein dúdlik. Mar dat is mar goed ek. "Je kinne je eigen teoryen der op los litte, mar der moat ek noch in bytsje mystearje bliuwe."
Wolle je it 'wûnder fan Wiuwert' mei eigen eagen sjen? De mummys binne fan 1 april ôf wer te besjen yn de herfoarme tsjerke fan Wiuwert.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêren, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.