Liveblog | 21 febrewaris

112-nijs 21 febrewaris: Plysjewein yn sleat nei oanriding by Burdaard

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 21 febrewaris, 22:17
22:17

Ynwenner Smellingerlân oplichte

In 79-jierrige ynwenner fan de gemeente Smellingerlân is foar mear as 50.000 euro oplichte. De oplichter soe foar in meubelrestauraasjebedriuw wurkje. De man kaam by de frou oan de doar en soe foar hiele hege bedragen meubels opknapt hawwe.
Famylje fan de frou wie alert en skeakele de plysje yn. Doe't de meubelmakker nochris oan de doar kaam, koe de plysje him oanhâlde.
De rekken fan de fertochte is beferzen en der is beslach op lein. Hy sil him foar de rjochter ferantwurdzje moatte.
21:33

Mooglik drugsôffal dumpt yn Jobbegea

Der binne likernôch 50 jerrycans fûn yn in sleat en yn de greide by de Nijeberkoperweg yn Jobbegea. It guod waard op 8 febrewaris fûn, mooglik giet it om drugsôffal.
De plysje is op syk nei ynformaasje oer dy dumping en dumpingen yn Smilde en Beilen. De plysje neamt it opfallend dat de dumpingen relatyf tichteby elkoar dien binne. Der wurdt ûndersocht oft der in ferbân is.
Minsken dy't wat sjoen hawwe of wat fermoede, kinne kontakt opnimme mei de plysje.
17:13

Plysjewein hie gjin swaailjochten oan by oanriding Burdaard

AS
De bus yn it wetter © AS Media
De plysjewein dy't belutsen wie by it ûngelok yn Burdaard, ried net mei swaailjochten en sirene. De plysje kaam yn oanriding mei in oare auto en bedarre dêrnei yn de sleat, meldt in wurdfierder fan de plysje.
De plysje behannelet de saak "als een gewoon verkeersongeval", seit de wurdfierder. As der minsken ferwûne rekke wiene, hie it wêze kind dat plysjes dy't net út it Noarden fan Nederlân komme de saak ûndersocht hiene, mar omdat it no om in relatyf lytse oanriding giet, is dat neffens de wurdfierder net nedich.
It komt wol faker foar dat plysje-auto's belutsen binne by in oanriding. "Agenten zijn ook weggebruikers", seit de wurdfierder. Eksakte sifers oer it tal oanridingen mei plysjeweinen koe er op dit stuit net jaan.
17:10

Auto skansearre by brân Easterwâlde

BTB
De brânwacht yn Easterwâlde © BTB Fotografie
Yn Easterwâlde is in persoanewein skansearre rekke by in brân yn it dashboard. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. De auto kaam fol reek te stean, en it dashboard is foar in part smolten.
De auto is fuortsleept.
16:55

Plysjewein te wetter

AS
Yn de berm is in spoar te sjen © AS Media
By Burdaard is in plysjewein yn it wetter bedarre. In wurdfierder fan de plysje koe noch net sizze wat der krekt bard is. Neffens de plysje is der net ien ferwûne rekke by it ûngelok.
15:22

Hearrenfean moat gau beslút nimme oer bordelen

Bordeel stock
Foar jild geane de klean út © Shutterstock
Boargemaster Avine Fokkens fan de gemeente Hearrenfean moat fluch in beslút nimme oer fergunningsoanfragen foar twa bordelen oan de Munnikstraat yn it doarp. Dat hat de Rie fan Steat besletten.
De eksploitant fan de bordelen soe in oantal fan syn bedriuwen ferswijd hawwe en hy soe skriftferfalsking plege hawwe. De gemeente wie benaud dat de man syn bordeelfergunnings foar kriminele aktiviteiten brûke soe.
Hearrenfean woe wachtsje mei in beslissing oer de bordelen oant der in útspraak yn de boaiemrjochtsaak oer dizze kwestje lei. Mei dizze útspraak fan de Rie fan Steat is dat dus net mooglik.