Henk Hoekstra swaait nei 12,5 jier ôf as foarsitter Flyers: "Moai west"

unis flyers
Henk Hoekstra © Omrop Fryslân
Nei 12,5 jier komt der by UNIS Flyers in ein oan it 'tiidrek Hoekstra'. Foarsitter Henk Hoekstra hâldt op en Michiel Huitema nimt syn taken oer by de iishockeyklup.
Hoekstra (66) rint al in skoftke mei it idee om. "It sit al ien, twa seizoenen yn 'e holle. De motivaasje rint nei dy 12,5 jier miskien ek wat werom." Hy bliuwt op de achtergrûn wol aktyf. "Ik ferdwyn net hielendal, mar ik wol mear rêst. En fierder ik fyn it moai west."
Al as jonkje kaam Hoekstra by it iishockey. "Doe't ik in jier as santjin wie, gong ik op de brommer fan Jobbegea nei Thialf. Mar ek doe't ik by sc Hearrenfean wurke, gong ik yn de winterstop nei de Flyers. Gewoan omdat ik it spultsje moai fyn."
Der sit iishockey-DNA yn dizze regio.
Henk Hoekstra
Doe't Hoekstra ophold as finansjeel direkteur by sc Hearrenfean, waard er al benadere troch de Flyers. Doe gong er der noch net op yn. "Letter fregen se my nochris. Doe ha we earst plannen makke, in stjoergroep opsteld en in struktuer útrôle. Dat wie in moai momint om foarsitter te wurden."
It hichtepunt yn syn perioade as foarsitter wie op 1 maart 2020. Flak foardat it coronafirus it lân platlei, wûn UNIS Flyers yn in útferkocht Thialf de Nederlânske titel. In útferkocht hûs wie al lang lyn. "Der sit iishockey-DNA yn dizze regio", seit Hoekstra. "Dat is sûnt 1967 opboud."
Sa waard UNIS Flyers yn 2020 lânskampioen:
UNIS Flyers pakt nasjonale titel yn útferkocht Thialf
Mar njonken sportyf sukses is er grutsk op wat de klup organisatoarysk berikt hat. "We ha der struktuer yn krigen. Der is yntusken in stabile groep minsken binnen de klup. Dan is it hiel moai om te sjen dat it ek sportyf en finansjeel goed giet."
Hy sil no it stokje stadichoan oerdrage oan Michiel Huitema, dy't as direkteur wurket by kamerabefeiligingsbedriuw Kooi út Drachten. "We dogge in perioade wêryn't ik him ynwurkje", fertelt Hoekstra. "En fierder sil ik sjen wat der foarby komt. Ik bin heal mei pensjoen, mar ik wol noch wol wat dwaan."