De toan fan Froukje Sijtsma: "Dei fan de memmetaal"

Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"It is hjoed de ynternasjonale dei fan de memmetaal. Op dy dei wurdt de taalkundige en kulturele ferskaat yn de wrâld fierd.
Mei as doel dat etnyske groepen mear begryp krije foar elkoars talen en kultueren. In dei dy't 25 jier nei it ynstellen derfan noch altyd tige aktueel is.
De toan fan Froukje Sijtsma
Dizze dei is yn 1999 yn gong set troch in Bengaalske taalbeweging út Bangladesj. Op de Algemiene Konferinsje fan UNESCO stelde dy beweging foar om de ynternasjonale dei fan de memmetaal yn te stellen.
UNESCO gie akkoart. Der waard besletten om dy dei alle jierren op 21 febrewaris in dei fan ferdraachsumens te organisearjen.
Yn 1952 foelen der op dy datum nammentlik deadlike slachtoffers by rellen yn Pakistan oer it brûken fan de Bengaalske taal. In jier letter dus as ús Fryske Kneppelfreed, wêrby't rellen ûntstienen doe't in fertochte gjin Frysk yn de rjochtbank prate mocht.
It konflikt yn Pakistan hie mei it talige en kulturele ferskaat fan it lân te krijen. Dat bestie doe noch út West- en East-Pakistan. It eastlik part hjit no Bangladesj.
It regear fan Pakistan hie ynsteld dat inkeld en allinnich it Urdu de offisjele taal fan Pakistan wie. Dat liede ta demonastraasjes by sprekkers fan it Bengaalsk, kwa oantal sprekkers de sechsde taal fan de wrâld, dy't ek woenen dat harren taal erkend wurde soe.
By dy demonstraasjes kamen ferskate studinten om it libben. In hiele tryste oanlieding, dy't spitigernôch ek op oare plakken yn de wrâld spilet.
De ynternasjonale dei fan de memmetaal yn Fryslân wurdt posityf ynstutsen. Filmhûs Slieker yn Ljouwert sil de Dútske film 'Mittagsstunde' fertoane yn de Platdútske ferzje mei Fryske ûndertiteling.
De film giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de feroarings op it plattelân en wat dy mei minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt? Fraachstikken dy't ek foar Fryslân tige aktueel binne.
Foar my as breafries, ien dy't har wurk makke hat fan it Frysk, is it alle dagen fan it jier eins wol de dei fan de memmetaal. Ik fyn it bysûnder dat in lân sa lyts as Nederlân en in provinsje as Fryslân safolle taalferskaat hat. In rykdom dy't we wol folle faker koesterje meie.
Dit wykein krige ik in appke fan de foarsitter fan it Adviescollege Nederlandse Gebarentaal. Ferline jier moete ik har op in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Spesjaal foar har waard it Frysk en Nederlânsk oerset troch in gebeartetolk.
En lykas in soad sprekkers fan it Frysk it op priis stelle dat harren memmetaal omtinken krijt, sa jildt dat ek foar brûkers fan gebeartetaal.
Wat wie Fryslân grutsk doe't Elske DeWall yn 2017 yn it Frysk song by The Passsion yn Ljouwert. De foarsitter fan it advyskolleezje skreau dat brûkers fan de Nederlânske gebeartetaal like grutsk binne no't de dôve akteur Robin Frings dit jier de rol fan dissipel spylje sil yn The Passion mei gebrûk fan gebeartetaal.
Lit hjoed, op de ynternasjonale dei fan de memmetaal, mar ek op oare dagen fan it jier sjen dat wy grutsk wêze meie op taalferskaat."