Trije miljoen foar fytspaden yn Súdwest-Fryslân; Fytsersbûn dochs net tefreden

fytspaad tsjaerddyk
It fytspaad tusken Folsgeare en Nijlân © Google Street View
De gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje stekke trije miljoen euro yn it ferbetterjen fan trije fytsrûtes. In moai inisjatyf, fynt it Fytsersbûn, mar sy sjogge leaver dat it jild bestege wurdt oan moaie fytsrûtes om de Fryske marren hinne.
"De plannen zijn om hier tussen Folsgeare en Nijlân een nieuw fietspad te realiseren", fertelt wethâlder Michel Rietman, wylst er op de Tjaerddyk stiet. "Dorpsbelangen sloegen op de trom omdat kinderen op onveilige manier naar school fietsen. Ze kruisen een afrit van de A7, waar veel vrachtwagens langskomen. Er komt daarom een apart fietspad."

Auto's te gast

Dêrneist wurdt it fytspaad tusken Snits en De Jouwer breder makke. Fytsers krije dêr foarrang op it oare ferkear. "Dat is een zogenaamde doorfietsroute: routes voor scholieren en woonwerkverkeer", seit Rietman.
De provinsjale dyk en de paralleldyk tusken Tjerkwert en Boalsert binne ta oan grut ûnderhâld. Dêr komt in fytsstrjitte dêr't auto's te gast binne.
tjerkwerderweg tsjerkwerterwei fytspaad n359
De paralleldyk tusken Tjerkwert en Boalswert wurdt ek in fytsstrjitte dêr't auto's te gast binne © Google Street View
"De plannen zijn prima, Súdwest-Fryslân wordt steeds meer fietsminded", klinkt de lauwe reaksje fan Kees Mourits fan it Fytsersbûn. "Maar als je kijkt naar het hele gebied, kun je spreken van achterstallig onderhoud op het gebied van fietsen en wandelen."
It Fytsersbûn hie leaver sjoen dat de provinsje en de gemeente it jild stekke yn rekreaasjefytspaden. "Het is best wel een saai gebied om te fietsen, op een paar pareltjes na. Denk aan de Oldegaasterbrekken en de route Heidenskip-Gaastmeer met het pontje."

Wetter dreech te berikken

Mar in eintsje fytse om de marren hinne, is fiersten te dreech, fynt Mourits. "Een rondje Slotermeer, Sneekermeer of Tjeukemeer is niet mogelijk. En ook het prachtige IJsselmeer krijg je als fietser niet te zien." It wetter bliuwt neffens Mourits te folle it domein fan wettersporters en de lânbou.
Wethâlder Michel Rietman oer de nije fytspaden
En dus moat der neffens it Fytsersbûn wat feroarje. "Ik denk dat er een landschappelijke en economische transitie zou moeten plaatsvinden", seit Mourits. "Veiligheid is een belangrijk thema, maar gezondheid is dat ook."
Fan it ien komt it oar, tinkt Mourits. "Als meer mensen gaan fietsen, komen er ook minder auto's. En dat is goed voor de veiligheid. Er is een wereld te winnen door fietsen ook aantrekkelijker te maken."

"Leuk én veilig"

Rietman begrypt de krityk. "Ze hebben een punt, maar er liggen nu al routes rondom de meren. We moeten keuzes maken waar we het geld aan besteden", seit de wethâlder. "Bewegen is gezond, maar we willen de routes tussen kernen ook op orde hebben zodat het leuk is om te fietsen én veilig."
fietsstraat fytsstrjitte sibrandabuorren poppenwier
Súdwest-Fryslân iepen yn 2022 ien fan de earste fytsstrjitten fan Nederlân © Gemeente Súdwest-Fryslân
Yn 2022 lei Súdwest-Fryslân ien fan de earste fytsstrjitten fan Nederlân bûten de beboude kom oan, tusken Tersoal en Sybrandabuorren.
De tekeningen foar de rûte tusken Folsgeare lizze klear, de oanbesteging is de doar út. De gemeenteried nimt yn maart in beslút oer de plannen.
"Ik verwacht dat we na de zomervakantie echt aan de slag gaan. Na de zomer zal hier een aparte fietsroute komen, zodat je er als fietser veilig langs kunt", beslút Rietman.
Kees Mourits fan de fytsersbûn