Folle minder skiep yn Fryslân troch blautonge, 'faksin is iennige oplossing'

In skiep
In skiep © ANP
It blautongefirus hat foar in flinke delgong yn it tal skiep yn Fryslân soarge. Der wienen it ferline jier 14.500 minder skiep as yn 2022, in delgong fan 11,5 prosint.
Fryslân is noch wol hieltyd de provinsje mei de measte skiep: by de lêste mjitting, begjin desimber, wienen it der 126.400. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).
Yn hast elke provinsje sakke it tal skiep. Lanlik wienen der yn totaal 61.000 skiep minder as in jier lyn, in delgong fan 8,4 prosint. Yn prosinten wie de grutste delgong yn Noard-Hollân (15,7 prosint) en Utrecht (15,4 prosint).
Noard-Brabân is de iennige provinsje dêr't it tal skiep tanaam. Dêr hearske blautonge in stik minder as yn oare provinsjes.
It firus hearsket sûnt septimber yn Nederlân en wurdt oerdroegen troch gnobmichjes (knutten). Blautonge is benammen foar skiep deadlik. Kij ha der lest fan, mar net yn dy mjitte dat it yn de sifers werom te sjen is.
Hoefolle skiep oft der krekt troch blautonge deagien binne, kin it CBS net sizze, mar it is dúdlik dat it firus in rol spilet. Hjir en dêr hâlde ek skieppehâlders op, mar dat is yn de Fryske sifers net werom te sjen. De lêste sifers oer it tal skieppehâlders binne fan april 2023, doe wienen der krekt wat mear bedriuwen as in jier earder.

Faksin is iennige útwei

Skieppehâlders fêstigje har hoop noch hieltyd op in faksin, seit Albert van der Ploeg. Hy is bestjoerder fan de fakgroep skieppehâlderij by lobbyorganisaasje LTO. "Ik hoopje dat it yn juny safier is. Dan binne we wol wat oan de lette kant, dus it is hoopjen op in wat koele maitiid. Dan kin it tafalle."
Yn de maitiid kin it wer echt opstekke.
Albert van der Ploeg
De gnobmichjes dogge it nammentlik goed by waarm waar. Foar de tiid fan it jier is it no ek waarm. "It giet mei de blautonge net mâl, mar ek no komt it firus hjir en dêr foar. Yn de maitiid kin it wer echt opstekke."
Neffens Van der Ploeg is der sûnder faksin neat te begjinnen. "It is in raar firus, it giet hielendal troch de bisten hinne, it slacht op in soad organen."
Foar benammen skiep, mar ek kij, binne it minne tiden. Dat jildt ek foar de skieppehâlders. "Minister set wol bot yn foar it faksin, dat is goed. Mar as dit sa trochgiet, dan geane der in soad skiep út Nederlân wei. We ha ferlet fan ljochtpuntsjes. Dat soe it faksin wêze kinne."