Liveblog | 20 febrewaris

112-nijs 20 febrewaris: Miny-itensbank Koarnjum plundere, guod wurdt op strjitte smiten

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 20 febrewaris, 16:30
16:30

Drugswenning Ljouwert ticht

Boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert hat in wenning oan de Esdoornstraat yn de stêd sluten fanwegen in oertrêding fan de Opiumwet.
Yn de wenning waard in hannelshoemannichtige drugs fûn. It giet om amfetamine, heroïne en kokaïne. Yn de wenning soe in soad oanrin fan klanten wêze.
De wenning giet no foar seis moannen ticht.
08:29

Ferdielstasjon Koarnjum plundere

koarnjum
It is in binde © Alex Miedema op X
It giet net goed mei it 'ferdielstasjon' fan Koarnjum. Kear op kear wurdt der guod úthelle en op strjitte smiten. De opslach wurdt ek geregeld folslein leech helle troch ien of in pear persoanen.
Dat meldt de behearder fan it stasjon, Alex Miedema, op X. "Het wordt als een bende achtergelaten, verpakkingen worden op straat gegooid, deurtjes laat men openstaan."
"Op deze manier kan het niet doorgaan"
It ferdielstasjon is in soarte fan miny-itensbank. Der sit net allinnich iten yn, mar ek klean, boeken, toiletprodukten en menstruaasjeprodukten.
De situaasje drukt ek op it gemoed fan Miedema. As it sa trochgiet, moat er dermei ophâlde, meldt er. "Als iedereen een beetje nadenkt en normaal doet, is er geen probleem. Maar op deze manier kan het niet doorgaan."
07:44

Ynbraak yn Damwâld

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn in hûs oan de Thiedamawei yn Damwâld. Dêr is tusken saterdeimiddei 17.00 oere en moandeitemoarn 9.00 oere ynbrutsen troch in rút.
Der is net bekendmakke wat der bútmakke is.
07:38

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-liveblog fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.