Henk de Jong woe foaral net ferlieze: "Koest sjen dat we in tikje hân ha"

cambuur
Henk de Jong © Dijks Media
Nei twa punten yn de lêste fjouwer kompetysjewedstriden woe Henk de Jong foaral net ferlieze fan NAC. Hy liet syn ploech op in bepaald stuit sels mei fiif ferdigeners spylje. "Want sels krije we altyd wol kânsen." Dat kaam út: Cambuur wûn mei 2-1 yn Breda.
It ferlies fan ôfrûne freed, thús tsjin Jong FC Utrecht, wie hurd oankaam. "Oan it begjin fan de wedstriid koest ek sjen dat we in tikje hân ha", seit De Jong.
Dat fûn spits Roberts Uldrikis ek. "De earste tritich minuten hienen we it swier, oanfallend en ferdigenjend. We ferlearen faak de bal, we wûnen gjin duels. Mar yn it lêste kertier foar it skoft gong it better."

"We skoare hast altyd"

Yn dat lêste kertier sette Uldrikis syn ploech op foarsprong. "Doe hienen we it ek ûnder kontrôle", seit De Jong. "Mar we krigen flak nei it skoft de goal tsjin, dat is skande. Want we begûnen goed oan de twadde helte, mar sy namen it oer."
Doe die Henk de Jong wat er net faak docht: syn ploech ferdigenjender spylje litte: 5-4-1. "Dan stiet it yn alle gefallen ticht. En sels krije we altyd wol kânsen, we skoare hast altyd."
Henk de Jong: "We ha in stel geweldige keareltsjes, mar we ha it soms dreech"
Dat kaam út: tweintich minuten foar tiid makke Uldrikis syn twadde fan de wedstriid. "Dêr gokst op", seit De Jong. "We woenen yn alle gefallen net ferlieze en úteinlik krije we dit: trije punten. Dat fertsjinnet de hiele groep ek."
It is wol bysûnder: thús ferlieze fan Jong FC Utrecht en TOP Oss, mar punten pakke op besite by ûnder oare Willem II en NAC Breda. "Dit is wa't we binne. Unfoarstelber."
cambuur
Fedde de Jong, Daniël van Kaam en Roberts Uldrikis fiere de 1-2 © Dijks Media
Man fan de wedstriid wie dus Uldrikis mei syn twa goals. "By de twadde goal seach ik Fedde (de Jong, red.) gean. Ik hope dat hy de bal foarjaan soe yn de sechstjin. Dat freegje ik altyd fan de jonges, se kinne my brûke as ik dêr stean."
Fedde de Jong makke dêr gebrûk fan, Uldrikis is him tankber. "Hy joech in geweldige bal, oer tritich meter mei in soad snelheid. Ik stie goed en koe 'm goed ôfmeitsje."
Roberts Uldrikis: "Belangrike oerwinning, nei it ferlies fan foarige wike"
"We weten dat we met Uldrikis kracht hebben voorin", seit Fedde de Jong, de man fan de assist. "Dus dan moet je 'm goed op z'n hoofd geven."
Dat klinkt ienfâldich, mar der gong noch wol wat wurk oan foarôf. De Cambuurmiddenfjilder wûn in sprintduel fan Casper Staring. "Hij zat in m'n nek, maar ik kwam goed vrij. Toen viel die voorzet perfect, dat is heel lekker én belangrijk."
It wie foaral belangryk omdat de Ljouwerters de ôfrûne wiken punten ferspilen tsjin leechfleaners, sa as ôfrûne freed. "Na vrijdag moesten we echt aan de bak. We hebben goed met elkaar besproken dat het beter moet, dus ik ben trots op hoe we dit met elkaar hebben gedaan."
Fedde de Jong joech de assist by de winnende treffer
Troch de oerwinning klimt Cambuur oer NAC hinne, nei plak sân. "Tegen de topploegen behalen we altijd resultaat en uitwedstrijden winnen we ook bijna altijd. We hebben het aan onszelf te wijten dat het tegen de onderste ploegen niet lukt. Maar we zijn in elk geval nog volop in de strijd om de play-offs."