Priis keaphûs foar it earst yn jierren wer nei ûnderen, dit kostet in hûs yn dyn gemeente

hûs, wenning, wenningmarkt, makelaar
Huzen binne in bytsje goedkeaper wurden yn Fryslân © ANP
Foar it earst sûnt 2015 is de gemiddelde priis fan in keaphûs yn Fryslân wer wat ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
Yn 2023 koste in keaphûs hjir gemiddeld sa'n 324.000 euro. It jier dêrfoar wie dat noch goed tûzen euro mear. Dit is de earste delgong fan de prizen yn jierren. Yn 2015 wie in gemiddeld keaphûs yn Fryslân noch 180.000 euro.
Lanlik binne de ferskillen grutter. Yn trochsneed koste in keaphûs yn Nederlân goed 416.000 euro.
Sjoch hjir hoefolle de huzen gemiddeld yn dyn gemeente kostje. Docht de kaart it net goed, klik dan hjir.
Utsein op de Waadeilannen wiene keaphuzen yn De Fryske Marren, Hearrenfean, Smellingerlân en Weststellingwerf it djoerst: tusken de 350.000 en de 400.000 euro. Yn it noarden fan de provinsje wiene ôfrûne jier just de goedkeapste keaphuzen te finen.
Friezen binne yn ferliking mei oare Nederlanners lykwols aardich foardielich út. Allinnich yn Grinslân binne de huzen gemiddeld sjoen goedkeaper.
Yn Noard-Hollân moatte keapers it meast dellizze. Dêr is de trochsneed huzepriis 507.000 euro.