Altyd al yn in wenboat wenje wold? Oan de Hegemer Mar komt mooglik in hiele wyk

wenboaten yndyk waldsein sjoerd kampen
De earste hûndert wenboaten dy't by Yndyk komme moatte © Omrop Fryslân
No is it noch in keale, sompige flakte, mar oer in jier kinne der yn in greide yn Yndyk sa'n hûndert wenboaten lizze. It is in idee fan ûndernimmer Sjoerd Kampen, dy't jongfolwoeksenen yn de provinsje in betelber wenplak biede wol.
De hûndert arkjes oan de Hegemer Mar binne noch mar it begjin fan de tûzen dy't Kampen yn Fryslân bouwe wol. Sa'n oardel jier lyn kaam de Snitser mei de plannen, dy't de berneskuon yntusken ûntgroeid binne. En dat betsjut ek dat der de nedige oanpassings dien binne.

Djoerdere wenboaten

"Der soene earst hûndert fan dizze lytse wenboaten komme, fan in ton it stik", wiist Kampen oan op de ûntwerptekeningen. "Mar de tiid hat ús alwer ynhelle. It plan bliek finansjeel allinnich helber as wy der ek gruttere, djoerdere wenboaten by ferkochten."
Neist de lytse wenboaten komme der ek tweintich gruttere wenboaten dy't 150.000 euro kostje en tolve fan noch in slach grutter foar 200.000 euro. "It giet om in miljoeneprojekt. Om it dochs betelber te meitsjen, moatte der gruttere wenboaten by", seit Kampen.
wenboaten yndyk waldsein sjoerd kampen
In foarbyld fan hoe't de wenboaten derút sjen kinne © Omrop Fryslân
Doe't er in pear jier lyn mei syn harsenspinsels by de gemeente Súdwest-Fryslân oankloppe, wie dy neffens him entûsjast. Mar sy rieden Kampen oan om syn plannen serieuzer oan te pakken. Hy naam dêrom ûnder oaren in projektûntwikkelder en in arzjitekt yn de earm.
"Ik was er meteen warm voor", fertelt Alwin Minks. Hy ûntwurp de ferskillende formaten fan de wenboaten. "Met mijn achtergrond in drijvend wonen en de ambities van Sjoerd is één en één twee. Ik ben er meteen in meegegaan."
Hy wurke gear mei it bedriuw Nedpanel yn Lemmer, dat panelen makket dêr't folsleine wennings mei boud wurde kinne. De wenboaten kinne op dy wize as boupakketten yninoar set wurde. Alle bekabeling en de oansluting foar wetter sitte yn it plafond ferwurke. "Je ziet hier een spaghetti aan kabels in de meterkast, maar alles is 'plug en play', dus we hebben geen elektricien nodig."
wenboaten yndyk waldsein sjoerd kampen
Inisjatyfnimmer Sjoerd Kampen (l) en arzjitekt Alwin Minks (r) © Omrop Fryslân
Oft tûzen wenboaten helber is? "Duizenden tiny houses is wel een heel groot aantal", seit Minks. "Er moet heel wat gebeuren. Maar we gaan laten zien dat het haalbaar en betaalbaar is."
Der is al riolearring en elektrisiteit by de greide foar de wenarken dy't der no al lizze. "Wy stean no op in dyk. It is in kwestje fan trochstekke en de wenningen delsette. Hoe simpel kin it wêze?", seit Kampen.

Learmomint

"It wie wol in learmomint ôfrûne jier. Ik wie noch hiel nayf", fertelt Kampen oer de begjinfaze fan syn plannen. "Ik tocht: sy gunne my wol wat. Mar ik ha it in stik profesjoneler oanpakt, mei saakkundigen dy't my bystean om dit projekt te realisearjen."
wenboaten yndyk waldsein sjoerd kampen
Rjochts fan de stream de greide dêr't de wenboaten komme moatte © Omrop Fryslân
Dochs is de gunfaktor der wol. De eigener fan de grûn by Yndyk hie meardere ynvestearders op de stoepe stean mei pûden jild. Dy wiisde hy lykwols ôf, om't er heil seach yn de plannen fan Kampen. "Hy sei: ik gean foar jim projekt. Jim ha myn folsleine meiwurking."
Natuer en rekreaasje wurde by de wyk belutsen. "Der komt in histoaryske haven foar gruttere wenskippen dy't hjir yn de winter lizze kinne. Yn de simmer is der in haventsje foar de plezierfeart. En der komt in supskoalle, in MFC, in slúske en in pontsje", sommet Kampen op. "It moat libben yn de brouwerij bringe, mei ferskate doelgroepen."
wenboaten yndyk sjoerd kampen greide
No noch in keale greide © Omrop Fryslân
Al by al hopet Kampen dat de wenboatwyk in "wencommunity foar jongfolwoeksenen dy't harren eigen beantsjes dopje kinne" wurdt. "Ik sjoch dat hielendal sitten. No bin ik sels net in jongfolwoeksene, mar ik hie dat fantastysk fûn. In plak dêr't je pionierje kinne yn de natuer. In boatsje derby, sile, swimme, neam mar op."
Hoewol't de gemeente entûsjast is, binne der de nedige tûkelteammen. "Der is ûnderbesetting en fansels binne der meardere projekten dêr't sy har oer bûgje moatte."
Dochs is Kampen optimistysk. "Ik gean derfan út dat der dit jier in klap op jûn wurdt en dat de wenboatewyk hjir yn 2025 leit. En as it der ienkear leit, dan tink ik dat der mear yn Fryslân folgje sille."