Stroomútfal fergruttet wetteroerlêst op Skylge

Het water stroomt weg naar de zee
It wetter stroomt hjir wer nei de see ta © Omroep Zilt, Jan Geerts
It wie in dei mei in útsûnderlik soad delslach op Skylge: snein foel der goed 32 milimeter op it waarstasjon dêr. Dat hat op ferskate plakken op it eilân wetteroerlêst feroarsake, meldt Wetterskip Fryslân.
Dêrby kaam nochris dat troch in stroomsteuring de beide gemalen, dy fan Kinum en Lies, it net dienen. Dêrtroch koe it wetterskip minder wetter ôffiere as pland.
De stroomfoarsjenning is kwetsber op it eilân, fertelt Nynke Hamstra fan it wetterskip. "Daar zitten wel eens stroomdipjes in. Meestal is er dan niets loos, maar we hadden nu de pech dat het 's nachts gebeurde en dat de pompen daardoor uit gingen. En ze gingen niet weer automatisch aan, dus dat was heel vervelend."
Op een stroomuitval waren we niet voorbereid.
Nynke Hamstra
Hamstra tinkt dat it justerjûn om ûngefear 23.30 oere gebeurd is. "En ik ontdekte het pas toen ik vanochtend begon te werken, rond 7.30 uur. Dan zie je dat het overal wel heel erg nat is."
Se wisten dat der in soad reinwetter komme soe. "Dat was te zien op het Journaal. De meeste neerslag viel op de eilanden en de noordelijke kust van het vasteland. Gisteren waren we al de hele dag in het veld om alles klaar te zetten. Maar op een stroomuitval waren we niet voorbereid."
Kinnum
It gemaal fan Kinum op Skylge © Omroep Zilt, Jan Geerts
Om foar te kommen dat soks wer gebeurt, sykje se in technyske oplossing. "Als dit weer gebeurt, moeten we een melding krijgen. Als de boel dan weer eens uitslaat, kunnen we het handmatig weer in werking zetten. Maar dan moeten we dus wel een melding krijgen, zodat we in kunnen grijpen."

Nachts de wekker sette

Oant dy tiid moatte se ekstra kontrôles dwaan yn de nacht. "Dan moeten we de wekker zetten. Vroeger deden we dat ook, toen moest je ook 's nachts zelf de controles doen."
It holp net mei dat it de ôfrûne moannen al in soad reind hie. Dêrtroch kin de boaiem al it ekstra reinwetter net mear oan, wat derfoar soarget dat de wetterstân al gau oprint by in soad delslach.

Polder fol wetter

It liket derop dat al it ekstra wetter net in soad problemen feroarsake hat. De polder leit fol mei wetter, mar dat rint úteinlik wol wer fuort.
Net allinnich op Skylge foel in soad delslach: troch hiel Fryslân kaam in soad wetter fan boppen. Mei de gemalen fiert it wetterskip it wetter ôf nei de marren en kanalen. Yn de rin fan de wike is de wetterstân werombrocht nei 52 sintimeter ûnder NAP, it reguliere peil.