Eaststellingwerf liedt needklok oer kosten jeugdhelp: "Reden tot grote zorg"

Kosten jeugdsoarch in stik heger as ferwachte
Kosten jeugdsoarch in stik heger as ferwachte © ANP
De kosten fan de jeugdhelp yn Eaststellingwerf wienen it ôfrûne jier folle heger as rûsd. De gemeente wie 1,6 miljoen euro mear kwyt as ferwachte. It kolleezje liedt de needklok.
De prognoaze hold al rekken mei in oerskrieding fan 250.000 euro, mar yn werklikheid falle de kosten nochris 1,35 miljoen heger út. Dat de kosten heger útfalle, past yn in trend dy't al langer geande is. It kolleezje paste dêrom de begrutting al ferskate kearen oan, mar dochs kaam de oerskrieding noch as in ferrassing. It kolleezje hat in krisisbrief oan de ried skreaun en wol sa gau as mooglik in petear.
"Dit is een forse stijging en voor ons een reden tot grote zorg", skriuwt it kolleezje. Gewoanwei meldt it kolleezje sokke oerskriedingen pas by de jierstikken, mar no dogge se it earder. "Deze hoge lasten leggen een groot beslag op de begroting. We zien voor nu geen reden om aan te nemen dat deze lasten op korte termijn lager worden."
Ried Eaststellingwerf
Ried Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
It kolleezje konkludearret dat eardere prognoazen net útkomme. Foar in part is it wol te ferklearjen. "Een grote reden is dat de jeugdigen lang in zorg blijven. Dit betekent nog steeds jaarlijks instroom, en weinig uitstroom."
Der komt no ûndersyk nei wat de gemeente dwaan kin. Yn maaie moat dêroer in rapport ferskine. "Dan rekenen we ook door wat dit betekent voor de hoogte van de jeugdhulplasten in 2024 en de jaren erna."
In taskforce, mei dêryn de wethâlders Esther Verhagen en Jan van Weperen, moat de problematyk yn kaart bringe. Der wurdt ek noch in ekstern buro ynskeakele foar bettere prognoazen. "We gaan maandelijks de prognose naast de werkelijke lasten leggen om te beoordelen waar de verschillen zitten om de prognose verder te optimaliseren."

Breder probleem

Eaststellingwerf is net de iennige gemeente dy't wrakselet mei gruttere jeugdsoarchútgaven dan ferwachte. Sa makke Ljouwert twa wiken lyn bekend dat har tekoart oprint rjochting de 11 miljoen euro.
Wethâlder Hein Kuiken Ljouwert
Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
Wethâlder Hein Kuiken sei ôfrûne juny dat de situaasje hjir yn Fryslân net unyk is. "Deze discussie speelt overal in het land. Gemeentes hebben moeite om financieel te sturen op de jeugdzorg en vinden dat de bijdrage van het Rijk omhoog moet."
Kuiken tinkt dat der yn lânlik ferbân better sjoen wurde moat nei hoe't de jeugdsoarch ôfbeakene wurde kin. "We moeten kijken naar hoe we misschien meer geld kunnen investeren in voorzieningen, in wijken en dorpen die helpen bij het normaal opgroeien in plaats van meteen in de behandelstand te schieten."