Jorrit Bergsma beslút 'seizoen sûnder hichtepunten' as fiifde op 10 kilometer

Jorrit Bergsma, WK ôfstannen
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Jorrit Bergsma is op it wrâldkampioenskip ôfstannen as fiifde einige op de 10 kilometer. De Boarnster ried syn bêste tiid fan it seizoen, mar hy seach dat dat net bekroane waard mei earemetaal.
Bergsma en syn tsjinstanner, de Kanadeeske Nederlanner Ted-Jan Bloemen, wisten dat se yn de fjirde rit oan de bak moasten. De Kanadees Graeme Fish hie al yn rit twa in rappe tiid delset: 12.48,61.
Bloemen gie fluch fan start en naam hieltyd mear ôfstân fan Bergsma. Mar nei trettjin rûntsjes fersnelde de reedrider fan Jumbo-Visma. Mei noch fjouwer rûntsjes te gean helle Bergsma Bloemen yn, mar dat joech de Kanadees wer nije enerzjy.

Bloemen parearret oanfal Bergsma

Dêrtroch koe Bloemen wer in nije fersnelling ynsette, dy't Bergsma te machtich wie. De 38-jierrige Fries moast Bloemen gean litte en blaasde himsels yn de lêste twa rûntsjes op. Bloemen finishe yn 12.47,00 en Bergsma yn 12.50,91.
Dy lêste fersnelling fan Bloemen hie Bergsma net ferwachte. "Je geane derfan út dat je derop en deroer geane. Mar hy wie yn steat om my op te fangen. Dêrtroch lokke hy my út it hok wei, wêrtroch't ik forsearre. Dan moatte je krekt wat te betiid de fersnelling dwaan en is it krekt te fier."
Jorrit Bergsma, Ted-Jan Bloemen, WK ôfstannen
Jorrit Bergsma nei syn 10 kilometer mei tsjinstanner Ted-Jan Bloemen © Orange Pictures
Nei de rit fan Bergsma en Bloemen moasten ûnder oaren topfavoriten Patrick Roest en Davide Ghiotto noch yn aksje komme.
Roest lei lang op koers foar de wrâldtitel, mar moast yn it twadde part fan 'e rit belies jaan. Mei 12.50,32 wie er wol krekt flugger as Bergsma. Yn de slotrit pakte Ghiotto it goud yn in nij persoanlik rekôr: 12.38,82.
Bergsma sakke dêrtroch nei it fiifde plak. "Yn de lêste rûntsjes lit ik it eins wat sitte. Dat hat my in medalje koste, tink ik. As ik him rêstich hâlden hie, dan hie de tiid fan Fish der noch wol ynsitten en ride je gewoan nei it poadium. No blaze je josels op en sitte je krekt oan de ferkearde kant fan dy manlju. Natuerlik bale je derfan."
It is in seizoen sûnder hichtepunten en dêr baal ik fan. Ik ha it gefoel dat der mear yn sit.
Jorrit Bergsma
It is foar Bergsma it slotstik fan syn reedrydseizoen. Dat begûn mei in skeelerûngelok ôfrûne simmer, wêrtroch't er op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai net yn topfoarm wie.
Foar it twadde wichtige toernoai fan it seizoen, de NK ôfstannen, waard er flink siik. Hy koe him doe krekt pleatse foar dizze WK ôfstannen, mar dat einiget no dus mei in fiifde plak.
"It is in seizoen sûnder hichtepunten en dêr baal ik fan. Ik ha it gefoel dat der mear yn sit. Mar it hat dit seizoen net meisitten", seit de trijefâldich wrâldkampioen op de 10 kilometer.

Troch nei Sweden

It langebaanseizoen fan Bergsma sit der no op. Mar in soad tiid om te bekommen is der net. "Ik bin tiisdei werom yn Nederlân en dan sil ik tongersdei nei Sweden om in pear natoeriiswedstriden mei te pakken. Dêrnei noch de maratonfinale yn Ljouwert en dan sit dit seizoen der foar my op."
Se wolle graach mei my troch, dus de ferwachting is dat we der ynkoarten útkomme.
Jorrit Bergsma bliuwt langer by Jumbo-Visma
It is gjin geheim: nettsjinsteande dat Bergsma by de âlderen heart, wol er noch net ophâlde mei reedriden. Koartlyn sei er by Omrop Fryslân al dat er yn alle gefallen troch wol oant en mei de Olympyske Spelen fan 2026.

Langer by Jumbo-Visma?

De fraach is by hokker ploech dat wêze sil. Syn kontrakt by Jumbo-Visma rint nei dit seizoen ôf. Bergsma én de ploech steane iepen foar ferlinging: "Se wolle graach mei my troch, dus de ferwachting is dat we der ynkoarten útkomme. Ik ha it goed nei myn sin, dus it is de bedoeling dat we troch geane."

Utslach 10.000 meter WK ôfstannen

1. Davide Ghiotto (ITA) 12.38,82 (PR)
2. Ted-Jan Bloemen (KAN) 12.47,00
3. Graeme Fish (KAN) 12.48,61
4. Patrick Roest 12.50,32
5. Jorrit Bergsma 12.50,91