Liveblog | 18 febrewaris

112-nijs fan 18 febrewaris: Plysje siket persoan op dak bioskoop

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 18 febrewaris, 15:16
15:16

Meardere auto's fernield op Skylge

Ferskate auto's op Skylge binne yn de ôfrûne nacht fernield. Dat meldt Omroep Zilt. De auto's stienen op fakânsjepark Landal Schutterbos yn Midslân.
Der binne yn elk gefal bannen lek stutsen.
De plysje freget tsjûgen of minsken mei oare ynformaasje om kontakt op te nimmen.
12:44

Brêge Twellingea moarn ticht

De brêge by Twellingea is der net bêst oan ta
De brêge by Twellingea © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De brêge by Twellingea is moarn fan 9:00 oant 15:00 oere ticht foar al it ferkear. Rykswettersteat is dan dwaande mei herstelwurksumheden.
De brêge giet hurder achterút as foarsjoen wie, omdat der in protte ferkear oerhinne giet no't de tunnel yn de A7 beheind tagonklik is.
Om it wurk feilich dwaan te kinnen, moat de brêge iepen stean. Dat soe earst ein jannewaris al, mar doe is it wurk stilset omdat it te hurd waaide.
12:30

Wettertaksys farre nachts te hurd op de Waadsee

Wettertaksy
In wettertaksy by Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Wettertaksys farre nachts geregeld hurder as de maksimumsnelheid. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân.
Neffens de wet hoege wettertaksys op it Waad harren oerdeis net oan in maksimumsnelheid te hâlden. Yn it tsjuster meie se net hurder farre as 20 km/oere, mar dêr giene in tal boaten ferskate kearen oerhinne.
10:44

Plysje siket persoan op dak bioscoop

AS
De brânwacht yn Ljouwert © AS Media
De helptsjinsten ha fannacht yn Ljouwert op it dak fan in âlde bioscoop op syk west nei in persoan dy't dêr sjoen is troch omstanners. Under oare de brânwacht wie derby mei in heechwurker.
Der is net ien oantroffen op it dak. It is net dúdlik oft der echt ien rûn hat.
10:44

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-liveblog fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.