Marijke Groenewoud striidt nei brûns op de massastart: "Op himsels wol prima"

Marijke Groenewoud, massastart
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Marijke Groenewoud is der net yn slagge om har wrâldtitel op de massastart te prolongearjen. Se moast genôch nimme mei it brûns, nei't se yn de einsprint ôflizze moast tsjin lângenoate Irene Schouten en de Kanadese Ivanie Blondin.
Mei noch ien rûntsje te gean ried Groenewoud oan kop, mar dêrfoar moast se al bulten wurk fersette. De Hallumse, dy't no yn Grou wennet, kaam dêrtroch yn de einsprint krekt tekoart.
Efter Schouten en Blondin wist Groenewoud yn de lêste meters noch wol krekt de redens oer de streek te drukken foardat Binyu Yang dat die. De Sineeske wie fiif hûndertsten stadiger as Groenewoud.
"Foar hjoed wie dit it maksimaal helbere", fertelde Groenewoud nei ôfrin fan de massastart. Dat se yn de einsprint krekt te koart kaam, dêr hat se wol in ferklearring foar: "Ik moast de lêste bocht krap hâlde en dêrtroch ferlear ik wat snelheid oan de ein fan de bocht."
Marijke Groenewoud, massastart
Marijke Groenewoud op it poadium fan de massastart mei Blondin en Schouten © Orange Pictures
En dus hâldt Groenewoud de ferneamde 'mixed feelings' oer oan dizze brûnzen medalje. "Je komme hjir wol foar de titel, dus je bale hjir wol fan. Mar it is op himsels wol prima."

Schouten falt

De oerwinning fan Schouten is ekstra knap omdat se betiid yn de wedstriid foel. Se koe lykwols fluch opstean en úteinlik wer oanslute by it peloton reedrydsters. "Ik wit net wat der barde, mar se gie hiel fluch ûnderút. Fierder bleaun it reedlik rêstich, dus doe koe se werom komme."

1.500 meter

Groenewoud komt op dit WK ôfstannen noch ien kear yn aksje: snein rydt se de 1.500 meter. Is dat de ôfstân wêrop we de heechste ferwachtings fan har hawwe meie? "Dat wit ik net. Dat meie jim sels bepale. Ik wol gewoan in goeie race ride en dan sjogge we wol wat derút kom

Utslach massastart froulju

1. Irene Schouten 8.23,71
2. Ivanie Blondin (KAN) 8.23,81
3. Marijke Groenewoud 8.24,01