Antoinette Rijpma-de Jong krekt bûten de medaljes op 1.000 meter

Antoinette Rijpma-De Jong, reedriden
Antoinette Rijpma-de Jong © Orange Pictures
Antoinette Rijpma-de Jong is der net yn slagge om op it poadium te einigjen op de 1.000 meter op it wrâldkampioenskip ôfstannen. De Rottumse ried in tiid dy't gelyk wie oan har persoanlik rekôr en einige dêrmei as fjirde.
Ferline jier helle Rijpma-de Jong op it WK ferrassend sulver op de 1.000 meter. Dat siet der no net yn. Yn de achtste rit klokte de reedrydster fan Jumbo-Visma in tiid fan 1.13,61. Se koe yn de begjin fan de race goed meikomme mei har Súd-Koreaanske tsjinstanner Na-Hyun Lee.
Yn it lêste rûntsje makke Rijpma-De Jong, dy't snein mei de 1.500 meter ek noch har bêste ôfstân rydt, it ferskil mei Lee. Se kaam oer de streek en seach dat se presys op har persoanlike rekôr siet. Dat ried se yn desimber 2022 ek yn Calgary.
De 1.13,61 bleau de rapste oant rit tsien, doe't de Japanse Miho Takagi (1.12,83) en de Sineese Mei Han (1.13,27) der beiden flink ûnder dûkten. Yn de slotrit wie ek Jutta Leerdam flugger mei 1.13,28. Dêrtroch moast Rijpma-De Jong genôch nimme mei it fjirde plak.
Ellia Smeding, de Harnzer reedrydster dy't foar Grut-Brittanje rydt, waard mei 1.14,78 njoggende.

Utslach 1.000 meter WK ôfstannen

1. Miho Takagi (JAP) 1.12,83
2. Mei Han (SIN) 1.13,27
3. Jutta Leerdam 1.13,28
4. Antoinette Rijpma-de Jong 1.13,61
9. Ellia Smeding (GBR) 1.14,78