sc Hearrenfean jout oerwinning op Ajax gjin ferfolch tsjin Go Ahead Eagles

Go Ahead Eagles fiert it doelpunt
Go Ahead Eagles fiert it doelpunt © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles ferlern. De klup út Deventer wie mei 0-2 te sterk.
De thúsploech begûn mei ien wiziging yn fergelyk mei de wedstriid tsjin Ajax (3-2 winst) ferline wike. Patrik Wålemark rekke yn dy wedstriid blessearre en waard no ferfongen troch Ché Nunnely.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Olsson; Nunnely (68' Loizou), Brouwers, Sahraoui; Van Amersfoort.
Foar de wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion waarden de supporters, sponsoaren en âld-spilers fan de klup betocht dy't it ôfrûne jier ferstoarn binne. Dat waard dien mei in spesjale show en in minút lang applaus.

Kânskes foar Hearrenfean, mar Go Ahead skoart

Sa yndrukwekkend as de betinking wie, wie de iepeningsfaze fan de wedstriid net. It kaam mar stadich op gong. Al hienen de Friezen yn it earste healoere wol wat kânskes, mar echt tichteby in doelpunt kaam Hearrenfean net.
Yn de 56e minút kaam Go Ahead Eagles tsjin de ferhâlding yn op foarsprong. Mats Deijl skeat in frije trap op in lytse 30 meter fan de goal tsjin de peal, wêrnei't Jakob Breum de rebound binnenwurke.
Breum like mei in oere op de klok sels de foarsprong te ferdûbeljen, mar doelman Mickey van der Hart koe de bal knap út de krusing helje.

Loizou debutearret

Hearrenfean gie dêrnei mei ynfaller en debutant Loizos Loizou op syk nei de lykmakker. De enerzjy yn de ploech fan Kees van Wonderen like yn de slotfaze lykwols te ûntbrekken. Doe't Victor Edvardsen yn de 92e minút 0-2 makke, wie it lot fan Hearrenfean definityf besegele.
Hearrenfean stiet no mei 25 punten út 22 wedstriden op it tolfde plak yn de earedivyzje.