Liveblog | 17 febrewaris

112-nijs fan 17 febrewaris: Auto yn de brân ûnder carport yn Easterwâlde

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 17 febrewaris, 15:17
15:17

Auto yn de brân ûnder carport yn Easterwâlde

Autobrân yn Easterwâlde
De reek komt fan de auto ôf © BTBfotografie
Om 14.00 oere hinne fleach in auto yn de brân dy't parkearre stie ûnder in carport fan in wenning yn Easterwâlde. De bewenner skeakele fuortendaliks de brânwacht yn en begûn tegearre mei in buorman it fjoer út te meitsjen. De beide mannen foarkamen sa dat de auto hielendal útbrâne. De oarsaak fan de brân is oant safier net bekend.
De brânwacht Easterwâlde hat mei in waarmtebyldkamera noch in neikontrôle dien.
Hoewol't de eigener fan de auto en syn buorman beide reek ynazeme hawwe, hoegde der gjin ambulânse te kommen.
15:03

Brân yn wenning Boalsert

Brân yn Boalsert
Meardere brânwachtauto's kamen te plak om de brân ûnder kontrôle te krijen © AS Media
Fan 'e moarn betiid, om 05.10 oere hinne, hat der in brân west yn in wenning oan de Nieuwmarkt yn Boalsert. De oarsaak wie in panne dy't noch op it fjoer stie. De bewenner wie fergetten de kôkplaat út te setten.
De brânwacht kaam mei meardere auto's te plak om it fjoer út te meitsjen.
De bewenner fan it pân is út foarsoarch kontrolearre troch in ambulânsemeiwurker.
15:01

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-liveblog fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.