Ministearje pakt byfangst spjirring oan en dielt offisjele warskôgingen út

spjirring
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock.com (Venediktov Vladimir)
De garnalefiskers dy't de ôfrûne tiid in opfallend soad spjirring út de Waadse oan lân brochten, binne dêrfoar offisjeel warskôge troch it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselveiligheid (LNV). Dat lit in wurdfierder fan it ministearje witte.
Yn desimber ferline jier ferbean de rjochter de spjirringfiskerij op it Waad, omdat it skealik wêze soe foar de natuer. Dat der by it fiskjen op garnalen ek wat spjirring fong wurdt, is net te mijen en op himsels gjin probleem. Mar neffens it ministearje binne der no foldwaande oanwizings dat guon fiskers misbrûk meitsje fan de situaasje en dat sy net út binne op garnalen, mar op spjirring.
Neffens sifers fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO) is der allinnich al yn jannewaris 23,3 ton spjirring fong. Nei alle gedachten wiene trije fiskers hjir ferantwurdlik foar. It wie boppedat foar elkenien sichtber dat sy op plakken fisken dêr't in soad spjirring sit.

Keamerfragen

It ministearje giet der fanút dat de warskôging no earst foldwaande is. Mar as dat net sa is, kin der in twangsom oplein wurde. D66-Keamerlid Tjeerd de Groot hat freed, nei oanlieding fan de publikaasje fan Omrop Fryslân, ek fragen steld oan it ministearje oer de kwestje.