Fuotbalklup Flylân stapt út kompetysje om reinwetter

VSV '31 Flylân
Ofbylding as yllustraasje © VSV '31
It rekôr oan reinfal fan ôfrûne jier soarget foar in protte oerlêst op Flylân. Foar de fuotballers van VSV'31 betsjut it sels dat se harren werom lûke moatte út de kompetysje. De fjilden lizze der sa min by, dat wedstriden spylje gjin opsje is.
Trochdat de fjilden al moannenlang ûnder wetter steane, hie de Vlielandse Sport Vereniging earder al besletten om foar de winterstop allinnich mar útwedstriden op it fêste lân te spyljen.
Fuotbalklup Flylân stapt út kompetysje om reinwetter
"We zouden nu alle thuiswedstrijden gaan spelen", fertelt Erik Houter fan VSV'31. "Maar we hebben vorige week de beslissing genomen om het elftal uit de competitie te halen, want er is geen mogelijkheid om hier te voetballen. En om alle jongens wederom naar de wal te sturen om alleen maar uitwedstrijden te spelen, daar is het animo te laag voor."

Unike situaasje

Wylst Houter al 53 jier op Flylân wennet, hat hy it dêr noch nea sa wiet meimakke. "Volgens mij zijn we allemaal verrast op Vlieland", seit er. "Ik heb in het verleden wel hoge waterstanden meegemaakt, maar dit jaar is het wel ongelooflijk hoog. Wie of wat daar verantwoordelijk voor is, durf ik niet te zeggen."
Ek gemeente-amtner Leo Hans Sterenberg freget dit him ôf. Koartlyn hat de gemeente Flylân it Wetterskip útnûge om de oerlêst yn kaart te bringen.
Toeristen lizze de wetteroerlêst fêst
In toerist leit de wetteroerlêst fêst © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
"Samen gaan we nu verder kijken naar wat de toekomst ons brengt", seit Sterenberg. "Klimaatveranderingen spelen natuurlijk ook een rol. Waar moeten we ons op voorbereiden? En bij wie ligt dan de verantwoordelijkheid?"
Jan van der Veen, direkteur fan kampearterrein Stortemelk, tinkt dat dizze by alle eilânbewenners en belutsen partijen leit. Syn camping leit der mominteel ek foar in part fersopen by, dit wylst se nei de flinke wetteroerlêst yn de simmer fan 2021 stevige maatregels nommen ha.
"We hebben het jaar erna drainage aangelegd op diverse velden en de velden verhoogd. Daarmee dachten we dat het voorlopig goed was, maar nu staat het weer onder water."
Jan van der Veen inventariseert de overlast op Stortemelk
In diel fan camping Stortemelk leit ûnder wetter © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
It wetter simpelwei fuortpompe, is gjin opsje. Op it eilân wurdt net aktyf ûntwettere, wat betsjut dat der gjin systeem is dat it wetter fuortfiere kin.
"Doordat we hier middenin een natuurgebied zitten wordt het natuurlijk een hele andere vraag", seit Sterenberg. In standertoplossing is dan ek net foar hannen. "Moet je inderdaad actief gaan ontwateren of zeg je van 'dit hoort bij de natuur en take it or leave it'?"
Paden en wegen zijn afgesloten
Paden en diken binne ôfsletten © Omroep Zilt, Larissa Lokenberg
Foar de fuotballers is it yn elts gefal soer. "Die tweehonderdvijftig enthousiastelingen van het eiland die altijd komen kijken op zondag, missen nu wel een stukje sport", fertelt Houter.
Dochs hoege de fuotballers net stil te sitten. "De bondscoach van ons elftal zal onze mannen waarschijnlijk nog wel een stage geven, waardoor ze nog wel actief blijven. Maar voetballen zal niet meer gebeuren op dit veld."