Liveblog | 19 febrewaris

Gjin Fryske medaljes op slotdei WK ôfstannen | Wedstriid UNIS Flyers staakt om gat yn it iis

Yn dit blog folgje we it Fryske sportnijs fan dit wykein.

Lêst bywurke: 19 febrewaris, 01:24
moandei 19 febrewaris
01:24

Gjin medaljes foar Rijpma-de Jong en Groenewoud

Antoinette Rijpma-de Jong, WK ôfstannen
De teloarstelling is fan it gesicht fan Antoinette Rijpma-de Jong ôf te lêzen © Orange Pictures
Antoinette Rijpma-de Jong is op de 1.500 meter as fjirde einige. Se wie de regearjend wrâldkampioene, mar is dy titel no dus kwyt. Marijke Groenewoud kaam net yn de buert fan it poadium.
snein 18 febrewaris
00:31

Fiifde plak foar Bergsma op 10 kilometer

Jorrit Bergsma is op it wrâldkampioenskip ôfstannen as fiifde einige op de 10 kilometer. De Boarnster ried syn bêste tiid fan it seizoen, mar hy seach dat dat net bekroane waard mei earemetaal.
21:44

UNIS Flyers staakt om opmerklike reden

De wedstriid tusken de UNIS Flyers en Herentals is nei sechtjin minuten spyljen staakt, om't der gat yn it iis siet. De iishockeyers fan It Hearreanfean stienen op dat stuit al mei 0-3 foar.
It is ûndúdlik oft de wedstriid yn België op in letter momint útspile wurdt of dat de Friezen de oerwinning takend krije.
17:28

Schulting pakt goud mei ôflossingsploech

De Nederlânske froulju hawwe it wrâldbekergoud yn Poalen wûn op de ôflossing. Suzanne Schulting, Selma Poutsma, Michelle Velzeboer en Xandra Velzeboer wienen rapper as nûmer twa Súd-Korea en nûmer trije de Feriene Steaten.
De fjirde finalist, Kanada, krige in straf en waard dêrom út de útslach skrast.
17:14

Marrit Steenbergen bûten estafetteseleksje

Marrit Steenbergen start fan 'e jûn op it WK yn Katar mei de estafetteploech net op de 4x100 meter wikselslach. De swimster fan Easterwâlde is net fit genôch om te starten.
Dat betsjut dat se dit WK ôfslút mei twa wrâldtitels: op de 100 meter frije slach en de 4x100 meter frije slach.
17:02

Douwe Amels mei oermacht Nederlânsk kampioen heechspringen

Douwe Amels
Douwer Amels (argyf) © Orange Pictures
It is gjin ferrassing: Douwe Amels is foar de tsiende kear Nederlânsk kampioen indoor wurden yn Apeldoorn op it ûnderdiel heechspringen.
Amels sprong oer 2,16 meter en dat wie mar leafst njoggen sintimeter heger as de nûmer twa, Ridzerd Punt.