Tsien jier lyn wie Marrit Steenbergen al in 'supertalint'

ANP
Marrit Steenbergen (2013) © ANP
"Je hebt talenten, en je hebt supertalenten. Marrit is een supertalent." Dat sei har coach Frank Bosma doe't Marrit Steenbergen 15 jier ald wie.
Steenbergen is no wrâldkampioene op it keningsnûmer, de 100 meter frije slach. Se is pas de fyfde frou út Nederlân mei in wrâldtitel. Allinne Ranomi Kromowidjojo, Inge Dekker, Inge de Bruijn en Annemarie Verstappen giene har foar.
Yn 2015 waard se al fergelike mei Kromowidjojo. "Het is heel gaaf dat mensen dat zeggen", sei se doe.
Sjoch hjir hoe't Marrit Steenbergen yn 2015 nei de takomst seach:
Yn it swimbad mei in jonge Marrit Steenbergen (15)
No't Steenbergen wrâldkampioen wurden is op de langebaan, wol elkenien wat fan har. Se hie it iene ynterview nei it oare oan de râne fan it swimbad yn Dohas wylst se normaal sa trochrinne koe. "Veel mensen hebben het gisteren gezien. Dat vind ik wel apart, maar juist alleen maar leuk."
Se is har noch net hielendal bewust fan har nije status. "Het wordt wel vaak tegen me gezegd, dus het komt al iets meer binnen. Maar het blijft opmerkelijk", seit se.
Steenbergen pakte yn Doha earder al ferrassend de wrâldtitel mei de estafettefroulju op de 4x100 meter frije slach.