Gouden tiden foar de bestriders fan mûzen en rotten yn Fryslân

In mûske yn in fal
In mûske yn in fal © Omrop Fryslân
It liket as is ien mei de fyts troch it gers riden. Mar neat is minder wier. De strakke linen yn de greide by Easterlittens binne makke troch mûzen. Dêr binne der hieltyd mear fan en dy soargje foar in soad oerlêst.
Ungediertebestriders hawwe de hannen der fol oan. "Door het natte weer zie je nu extreem veel muizen in weilanden. Alles wordt kaalgelopen", fertelt bestrider Gino Satta. "Ze zoeken hoger gelegen gebieden op en trekken dus ook meer de huizen in."
Gino Satta
Gino Satta © Omrop Fryslân
Satta is freed yn Easterlittens foar ynspeksje. De 'highway foar mûzen' sa't Satta de spoaren neamt, jouwe ûnmiskenber it hinne en wer marsjearjen fan mûzen oan fan de iene nei de oare kant fan de greide oan. Satta lit in fal sjen mei dêryn in dea babymûske.
De spoaren dy't de mûzen achterlitte yn de greide
De spoaren dy't de mûzen achterlitte yn de greide © Omrop Fryslân
Der is noch in reden dat der mear mûzen en rotten binne. Nije wetjouwing bepaalt dat de fokus lizze moat op it foarkommen fan ûngedierte, yn stee fan it bestriden derfan.
Partikulieren meie gjin gemyske bestridingsmiddels mear brûke. Allinnich sertifisearre ûngediertebestriders meie gif ynsette.

Stap foar stap

"Mensen gingen te gek met gif om. Ze gooiden het maar neer, waardoor het ook in de natuur terechtkwam", fertelt Satta. En dêrom is it gebrûk derfan oan bannen lein. Der wurdt no ynset op in stapsgewize bestridingsmetoade, mei gif as lêste rêdmiddel.
Allinnich sertifisearre bestriders meie gif tapasse. De administrative rompslomp en de kosten dy't dêr achterwei komme, ha lykwols as gefolch dat bestriders dermei ophâlde.
"Het duurt soms wel een paar uur voordat je een blokje gif hebt kunnen neerleggen", fertelt Satta.
Gino Satta kontrolearret in fal
Gino Satta kontrolearret in fal © Omrop Fryslân
Hy komt ek in soad op pleatsen, dêr't hy rotten bestridet. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit wol dat boeren dêr strang op kontrolearje, om't de kjifdieren syktes oerdrage kinne. Boppedat frette rotten elektrisiteit oan, wat foar brângefaar soarget.
"Het eerste wat wij doen, is saneren. We halen zo veel mogelijk spullen weg in en rondom de stal", fertelt Satta by in pleats fierderop yn Easterlittens.
"Rotten en mûzen sykje altyd in beskerme plakje dêr't sy jongje kinne", fertelt boer Ulbe Stremler. "Dizze betonplaten hjir gean dêrom fuort." Der wurde ek klemmen pleatst.

"Us eigen rottefanger"

Eartiids diene boeren sels oan bestriding, mar dat is ferline tiid. "Wy ha Satto no yn de earm naam. It is belangryk dat ien dit foar ús docht", fertelt Stremler. "En wy ha de hûn, ús eigen rottefanger. Dy byt se dea."
Mochten de previntive maatregels net wurkje, dan kin gif ynset wurde. "Maar dat is het laatste redmiddel. Je wil zo veel mogelijk doen met klemmen."
Spoaren fan mûzen yn in greide
Spoaren fan mûzen yn in greide © Omrop Fryslân
Gouden tiden foar ûngediertebestriders dus, mei sa folle mûzen en rotten. Mar troch de oanskerpe regeljouwing, moatte sy faak nee ferkeapje.
"We hebben nu wachtlijsten, want wij zijn langer bezig om een plek muisvrij te krijgen", seit Satta. "Laatst had ik iemand huilend aan de telefoon omdat het hele huis er vol mee zat"

Tips

De bestrider hat dêrom tips: "Houd je huis schoon en ruim netjes op. Maak gaten binnen en buiten dicht. Dan ben je al een heel eind." Lit it probleem foaral net te lang trochetterje.
Ulen komme ek massaal op de mûzen ôf
Ulen komme ek massaal op de mûzen ôf © Omrop Fryslân
Aldergeloks hat Satta yn de greide by Easterlittens help. Yn de beammen sitte tsientallen ûlen dy't de mûzen as lekkere hapkes sjogge. "Dat zijn de natuurlijkste bestrijdingsmiddelen."