'Wachtkeamerlid' VVD: “Nieuwe verkiezingen zijn slecht signaal”

Harry Bevers yn It Polytburo
Harry Bevers yn It Polytburo © Omrop Fryslân
De fjouwer partijen dy't no yn petear binne oer in kabinet, yn hokker foarm ek, moatte derút komme. Dat fynt âld-Keamerlid Harry Bevers fan de VVD. In soad oare opsjes binne der neffens him net.
Bevers is sûnt desimber gjin Twadde Keamerlid mear, mar folget de formaasje en de rol fan syn partij dêryn op de foet. "Met enige afstand, maar ik zie ook dat het lang duurt."
It cv fan Harry Bevers
It cv fan Harry Bevers © Omrop Fryslân
Dat leit foar in part oan de ferkiezingsútslach, mient Bevers. "Ik ben bang dat de uitslag van deze verkiezingen ook tot gevolg heeft dat we heel erg moeten zoeken hoe er een breed gedragen kabinet kan komen."

PVV, VVD, NSC en BBB

NSC hat him koartlyn weromlutsen út de petearen oer in mearderheidskabinet, mar Bevers fynt dat dy partij, yn 'e mande mei PVV, BBB en syn VVD it dochs dwaan moatte sil. Want in stap nei links sit der neffens him net yn.
"Daar zie ik zelf weinig heil in." Dat sit him foar him benammen yn it tema dêr't it foarige kabinet oer fallen is, nammentlik de beheining fan de ynstream fan asylsikers.
"Nu in een kabinet stappen met D66, waarmee we al in een kabinet zaten en er niet uit kwamen, en PvdA-GroenLinks, die daar ook niet de stappen wil maken die de VVD noodzakelijk acht, dat zie ik echt niet gebeuren." Hy sjocht de VVD ek net samar dielnimmen oan in minderheidskabinet.
Bevers soe nije ferkiezingen in "verschrikkelijk slecht signaal" oan de kiezer fine
It alderslimste soe er it fine as de partijen der hielendal net út komme. De bal soe dan wer by de kiezer lizze. Bevers fynt dat der alles oan dien wurde moat om dat foar te kommen. "Nieuwe verkiezingen, dan spreek je bijna van een failliet."
"Als we het niet voor elkaar krijgen en tegen de kiezer moeten zeggen 'u heeft het niet goed gedaan, wij begrijpen het niet en komen er niet uit', dat zou ik heel erg treurig vinden."

Trochsette

Hy fynt dêrom dat de petearen, ûnder lieding fan nije ynformateur Kim Putters, fuortset wurde moatte. "De situatie nu is dat VVD stappen vooruit zet. Als dat nodig is zijn we ook bereid om te leveren voor een extraparlementair kabinet."
"Yesilgöz heeft daarbij gezegd dat ze dat commitment ook vraagt van de NSC. Op het moment dat Kim Putters constateert dat dat er niet is, dan hebben we een hele nieuwe situatie."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Harry Bevers.
Earder wiene oare foarmen foar de VVD noch gjin opsje. 'Net yn kabinet, wol gedoge' wiene de wurden fan VVD-foaroanfrou Dilan Yesilgöz, twa dagen nei de ferkiezingen.
Bevers begrypt wol dat sy dy útspraak doedestiids die. "Er is de afgelopen periode veel kritiek op de VVD geweest, we zijn wel een derde van onze kiezers verloren. Ik snap dat wij niet gelijk onze hand opsteken en vooraan staan."
"Maar de nadruk is komen te liggen op het gedogen", seit Bevers. Wylst der neffens him yn de partij wol de hâlding wie om mei te wurkjen oan in rjochts kabinet. "Dat is de uitspraak van de kiezer geweest."

Ekstraparlemintêr

No't Omtzigt de stekker út de earste formaasjeronde lutsen hat, moatte de partijen, ek VVD, nei oare opsjes sjen, fynt Bevers.
"Ik vind het een logische stap om nu te zeggen dat we ook naar andere vormen gaan kijken, waarbij we wel mee kunnen doen. De stap om te kijken of de VVD een bijdrage kan leveren aan een extraparlementair kabinet, vind ik een heel verstandige."
"Kiezers hebben duidelijk gezegd: dit is de richting"
Dêr heart in gearwurking mei de PVV by, fynt er. "Dat is de basis. De basis is commitment van die vier partijen die nu ook deze eerste periode hebben gedaan. We zitten met een verkiezingsuitslag waarbij heel duidelijk door kiezers is gezegd: dit is de richting."
Bevers leit út hoe't er sa'n ekstraparlemintêr kabinet foar him sjocht.
"Voor zover ik het begrijp is dat een kabinet dat bestaat uit een aantal mensen van verschillende partijen die op hoofdlijnen een programma-akkoord maken, geen regeerakkoord. Vanuit politieke partijen en de samenleving kunnen mensen toetreden tot dat kabinet en die gaan vervolgens het beleid uitwerken."
Oft Wilders in nij kabinet, yn hokker foarm dan ek, oanfiere moat, lit Bevers wat yn it midden. "Dat is momenteel niet aan de orde. Ik denk dat wij daar niets over te zeggen hebben. Maar als dat uiteindelijk wel aan de orde is, dan zal dat denk ik wel gebeuren."
Bevers oer Wilders as premier: "Als het aan de orde is, zal het gebeuren"
Yn de tuskentiid bestiet ek noch dat de kâns dat der yn in nij kabinet in rol foar Bevers sels weilein is. Hy is op it stuit saneamd wachtkeamerlid. It betsjut dat er ticht by in plak yn de Twadde Keamer sit, troch syn plak op de list. De VVD krige by de ferkiezingen yn novimber 24 sitten, Bevers stiet op plak 27.

Wachtkeamer

As de VVD meidocht oan in kabinet, kin it wêze dat der genôch minsken trochskowe nei oare plakken en Bevers wer plaknimme mei yn de Keamer.
In senario dat om him útkomme mei. "Het was absoluut mijn droombaan. Maar ik heb ook geleerd dat je over je eigen grenzen moet kijken. Je moet daar wel realistisch in zijn."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Harry Bevers
De cartoon fan Gerco van Beek oer Harry Bevers © Omrop Fryslân