Twadde wrâldtitel foar oppermachtige Femke Kok op de 500 meter

Femke Kok
Femke Kok © Orange Pictures
Femke Kok hat har WK-titel op de 500 meter prolongearre. Ferline jier pakte se as earste Nederlânske frou de titel op de koartste ôfstân.
Kok kaam as alderlêste yn aksje op de 500 meter. Se seach dat de rapste tiid lang op namme stie fan Ruining Tian út Sina mei in tiid fan 37,24. Krekt foar de race fan Kok gie de Súd-Koreaanske Min Sun-Kim dêr ûndertroch mei 37,19.
Kok trof yn de lêste rit Kimi Goetz. Se sette op de earste 100 meter de snelste tiid del mei 10,31. Se koe efter Goetz oan, gie mei hege snelheid de lêste bocht yn en pakte mei fierwei de bêste tiid fan 36.83 de wrâldtitel.

Nasjonaal rekôr

Dy tiid smiet njonken in wrâldtitel ek in nij nasjonaal rekôr op. Dat wie ek yn hannen fan Kok en dat ried se yn 2021 yn Salt Lake City it Nederlânske rekôr stie op 36,96.
Femke Kok
Femke Kok © Orange Pictures
Marrit Fledderus ried in goeie rit, mar krekt net perfekt. Se sette in tiid del fan 36,61 en dat is 0,10 sekonde stadiger as har persoanlik rekôr. Se waard achtste.
De 22-jierrige reedrydster fan Sint Nyk die foar it earst mei oan in yndividuele ôfstân. Ferline jier waard se mei de teamsprint fiifde. Mei dat ûnderdiel waard se tongersdei fjirde.
Ellia Smeding fan Harns, dy't foar Grut-Brittannië útkomt waard 21e mei in tiid fan 38,65.

Utslach 500 meter WK ôfstannen

Namme Tiid
1. Femke Kok 36,83
2. Min Sun-Kim 37,19
3. Kimi Goetz 37,21
8. Marrit Fledderus 37,61
21. Ellia Smeding 38,65