Groenewoud tocht siik te wurden, sliepte hast 11 oeren en pakte dochs de wrâldtitel

Groenewoud, Schouten en Beune fiere de titel
Groenewoud, Schouten en Beune fiere de titel © ANP
Marijke Groenewoud hat op it wrâldkampioenskip goud wûn mei de ploege-efterfolging. Mei Joy Beune en Irene Schouten pakten se de titel mei in nij Nederlânsk rekôr ûnder lieding fan bûnscoach Rintje Ritsma.
Dat wylst se har fannacht noch ôffrege oft se wol ride koe. Tongersdei waard se fjirde op de 3.000 meter, dêr wie se teloarsteld oer. Mar it waard noch slimmer dêrnei. Groenewoud tocht efkes dat se koarts krige en siik waard.
"Ik wist fannacht net oft ik wol ride koe. Ik wie echt net lekker. Pine yn 'e holle en bytsje beroerd. Dus ik tocht: ik wurd noch siik ek. Mar ik ha in goeie nacht draaid en fan 'e moarn wie it wer goed. Ik gie healwei tsienen op bêd en om acht oere der wer ôf. Dus ik ha gewoan in goeie nacht hân."
Bûnscoach Rintje Ritsma fiert it feestje mei
Bûnscoach Rintje Ritsma fiert it feestje mei © Orange Piuctures
De Nederlânske ploech kaam yn de earste rit fuort yn aksje tsjin Sina. Se setten mei 2.51,20 in goeie tiid del.
It wie de op twa nei fluchste tiid oait en in nij Nederlânsk rekôr. It Nederlânsk rekôr wie yn hannen fan Ireen Wüst, Antoinette Rijpma-De Jong en Melissa Wijfje en waard riden yn 2020 yn Salt Lake City. It rekke hast de perfeksje.

Hast perfekt

"It skeelt net in hiel soad tink ik. Der wiene noch wol in pear lyste dinkjes. We rieden goed yn inoars slach. Ik siet der sels ek prima yn."
De twa oare favoriten, Kanada en Japan, kamen doe noch. Kanada moast earst en stelde teloar. Se wiene hast trije sekonden stadiger as Nederlân.
De grutste konkurrint kaam doe noch. Japan begûn hiel rap, mar seach nei trije ronden dat se it tempo fan Nederlân net fêsthâlde koene.
Joy Beune, Irene Schouten, Marijke Groenewoud
Joy Beune, Irene Schouten, Marijke Groenewoud © Orange Piuctures
Der is in soad te dwaan oer guon team-ûnderdielen. Yn it ferline ek oer de ploege-eftefolging en dit WK giet it foaral oer de teamsprint by de froulju.
Mar Groenewoud, Schouten en Beune binne eins oppermachtich. Wat is it ferskil?
"Dat wy der wól foar traine wolle. We ha der gewoan foar keazen sa no en dan inoar op te sykjen en te trainen. Irene en ik passe ús maklik oan troch de maraton en Joy hat in stabiele slach, dus dêr kinne we maklik efter ride."

Tredde kear goud op WK

It is foar Groenewoud har tredde goud op it WK. Yn 2021 en 2023 wûn se goud op de massastart. Moarn komt se yn aksje op de massastart en snein einiget se mei de 1.500 meter.
Ferline jier kostte in sichtber stikje ankel by Joy Beune Nederlân de titel. Dêrtroch waard Nederlân diskwalifisearre en pakte Kanada de titel. No pakten se foar de sânde kear de wrâldtitel op in WK op de ploege-efterfolging.
Letter jûn komme Marrit Fledderus en Femke Kok noch yn aksje op de 500 meter.