Njonken tigers, iisbearen en pinguïns no ek Waadnatuer yn AquaZoo

In hûnshaai yn it akwarium
In hûnshaai yn it akwarium © AquaZoo
In spesjaal akwarium dat eb en floed sjen litte kin, mar ek de dunen mei kwetsbere waadfûgels, hûnshaaien, kokkels en seestjerren. Bistepark AquaZoo is útwreide mei it Waadgebiet.
Doel is om besikers fan it park fan alles te learen oer de natuer yn it UNESCO Wrâlderfgoed.
"In ons dierenpark wanen mensen zich in Azië met onze Amoertijgers, of binnenkort in Noord-Amerika met het leefgebied van de langste rivier daar, Churchill. Maar wij vonden het tijd het verhaal dichterbij huis ook te vertellen, over het Wad", fertelt Jeroen Loomeijer fan de bistetún.
Der is Waadnatuer yn AquaZoo te sjen
De besiker moat leare hoe nijsgjirrich de biodiversiteit yn it Waadgebiet is.
"Die is namelijk immens. Het is een gebied dat loopt vanaf de kust van Denemarken tot hier bij onze Waddeneilanden en de Friese kust."
It giet neffens Loomeijer om in 'fascinerend ecosysteem'. "Dat bijzondere verhaal willen we ook graag aan de bezoekers vertellen," stelt er.
In seestjer yn it akwarium
In seestjer yn it akwarium © AquaZoo
Ferline jier is in begjin makke mei it Waadgebiet, no hat de romte in metamorfoaze ûndergien.
Yn 2020 naam AquaZoo de akwaria dy't in plakje krigen ha yn it nije Waadgebiet oer fan it Waadbelibbingsintrum de Noordhoren. De bisten wienen der dus al, mar der moast noch in eksposysjeromte omhinne makke wurde.
De ferbou yn AquaZoo fan 'it Waadgebiet'
De ferbou yn AquaZoo fan 'it Waadgebiet' © AquaZoo
"Uiteindelijk gaat het er ons om dat we verhalen kunnen vertellen over het behoud van natuur en soorten", beslút Loomeijer.
Freed wurdt de lêste hân lein oan de romte wêr it Waadgebiet útbylde wurdt. Sneon kinne de earste besikers der terjochte om bygelyks de haaien te besjen.