Trije deaden by frontale oanriding Koatstertille

CAMJO
Helpferliening op it plak fan it ûngelok © CAMJO Media
Trije minsken binne om it libben kaam by in frontale oanriding tusken twa auto's by Koatstertille. Dat meldt de plysje.
It wie in swiere oanriding. Net ien fan de minsken dy't yn ien fan de beide auto's siet hat it ûngelok oerlibbe.
Trije deaden by frontale oanriding Koatstertille
"Hulpverlening heeft helaas niet meer mogen baten", meldt de plysje. "We wensen de nabestaanden veel sterkte."
It is noch net dúdlik hoe't de oanriding ûntstien is. Dêr docht de plysje noch ûndersyk nei. De oanriding wie om healwei seizen hinne op De Koaten by Koatstertille.
De dyk hat yn ferbân mei de helpferliening en letter spoare-ûndersyk in skoft ticht west foar it ferkear.