Steenbergen swimt rekôr op WK: "Dit is wel heel vet"

Marrit Steenbergen
Marrit Steenbergen © ANP
Swimster Marrit Steenbergen (24) hat har mei in Nederlânsk rekôr oertsjûgjend pleatst foar de WK-finale fan de 100 meter frije slach.
Steenbergen (24) tinkt dat se noch wol flugger kin, al nuansearret se dat direkt. "Ik denk dat Femke (Heemskerk) ook dacht dat er nog rek in zat toen ze dat nationaal record zwom."
Dat record (52,69) bleau hast njoggen jier stean, oant Steenbergen dêr yn Doha dúdlik ûnder dûkte. Mei har tiid fan 52,53 wie se de rapste yn de heale finale.
swimmen
It skema fan Marrit Steenbergen op dit WK swimmen © Omrop Fryslân
Steenbergen hie noch gjin nasjonaal record op har namme stean. Se hat op de frije slach mei Ranomi Kromowidjojo en Heemskerk grutte nammen as foargongers.
Yn de estafette liet se earder dit WK al sjen dat se goed yn foarm is op de 100 meter frije slach. Mei har flugge race (52,35) besoarge se de Nederlânske swimsters ferrassend de wrâldtitel.

Freed finale

Yn de finale fan de 100 meter frij hoecht Steenbergen it freed net op te nimmen tsjin wrâldkampioene Mollie O'Callaghan út Australië en wrâldrekôrdhâldster Sarah Sjöström.
De Sweedse is wol yn Doha, mar hat besletten har te rjochtsjen op de 50 meter frij. O'Callaghan hat krekt as in protte oaren it toernoai yn Doha sjitte litten mei it each op de Olympyske Spelen oer in heal jier.
Femke en Ranomi voorbij, dat zijn niet de minsten
Marrit Steenbergen
Steenbergen hat dus kâns om de earste Nederlânske wrâldkampioene te wurden op de langebaan sûnt Ranomi Kromowidjojo yn 2013 (50 meter frij). Dêr wol se noch net te bot op foarútrinne.
Op de fraach oft de wrâldtitel mooglik is, begjint se breed te laitsjen. "Ik ga mezelf geen woorden in de mond leggen. Ik ga gewoon lekker zwemmen en plezier maken en dan zie ik het wel."

Status

Se wol ek leaver net de status krije dy't Kromowidjojo hie. "Ik ben mijn anonieme status nu wel een beetje kapot aan het maken. Maar als dat verandert, ga ik mezelf gewoon een beetje van de domme houden."
Se is no de fluchste Nederlanner ea op it keninginnenûmer 100 meter frij. "Het is natuurlijk wel heel vet om dat nu gewoon te zijn. Ik bedoel: Femke en Ranomi voorbij, dat zijn niet de minsten."