Klaas en Jannie Hoekstra nimme nei 40 jier ôfskied fan sjauffeursferiening

klaas en jannie hoekstra
Klaas en Jannie Hoekstra © Omrop Fryslân
De knalgiele truck dy't bern it gefaar fan de deade hoeke leare moat. Al hast 30 jier giet Klaas Hoekstra dermei by skoallen yn Fryslân del om foarljochting te jaan. Mar dit wykein hâlde hy en syn frou Jannie - eksakt 40 jier nei it oprjochtsjen - op mei de Chauffeurs Vereniging Friesland.
Oanlieding foar de foarljochting op skoallen wie in slim ûngelok yn Ljouwert yn 1989. "It wie by dy aaklike rotonde by de Bleeklaan en it Vliet. No leit it fytspaad los, mar doe siet it fytspaad oan de dyk fêst", fertelt Klaas. "In frachtwein hellet in mem mei twa bern op de fyts yn, mar hy moast ôfremje foar de rotonde. En doe krûpte sy dertusken."
De sjauffeur fan de truck mei oplizzer soe de earste ôfslach nimme, mar seach de frou en de bern oer de holle. "Doe gie it hielendal ferkeard... De beide bern binne ferstoarn. De mem hie it ûnderste part fan it lichem hielendal ferlamme. It wie in ramp."

Oanfragen streame binnen

Klaas, doedestiids bussjauffeur, fertelde yn in ynterview oan de Leeuwarder Courant oer de saneamde deade hoeke, dy't gjinien doe noch koe. "Dat kinne je je no net mear yntinke. Doe lei ik út dat der punten binne dêr't sjauffeurs je echt net sjen kinne."
Nei oanlieding fan dat ynterview krige Hoekstra 27 oanfragen fan ûnder oare skoallen, oft er dêr foarljochting oer jaan koe. "Sa is ús Veilig Verkeersprojekt begûn."
Yntusken sitte der aardich wat ritsjes yn de giele frachtwein op, troch it hiele lân hinne. "Ik doch dit sûnt '95. Alle bern yn Fryslân ha wol yn dy frachtwein sitten."
klaas en jannie hoekstra sjauffeursferiening Chauffeurs Vereniging Friesland deade hoeke frachtwein
De giele frachtwein fan sjauffeursferiening Chauffeurs Vereniging Friesland © Omrop Fryslân
Klaas en Jannie jouwe net allinnich mar foarljochting. De moaiste oantinkens fan de ôfrûne 40 jier binne de optochten. Ien fan dy konfoaien smiet in beneaming yn it Guinness Book of Records op.
"Wy ha ek ris in grut konfoai organisearre fan 150 frachtweinen. Minsken mei in beheining koene meiride", fertelt Jannie. "Doe hie Klaas betocht dat wy mei-inoar ite koene. De bakkersfakskoalle makke in salade fan 10 by 15 meter! De sjauffeurs wiene hiel soarchsum en ieten mei de minsken."
Klaas: "Dat dy sjauffeurs, hiele grutte keardels, de minsken mei in beheining holpen, hapke foar hapke, dat wie hiel emosjoneel. Dat wie yndrukwekkend."
klaas en jannie hoekstra sjauffeursferiening Chauffeurs Vereniging Friesland
De gigantyske salade © Omrop Fryslân
It pear swaait net ôf sûnder weardich ôfskied. Freed is der in resepsje foar minsken dy't by de feriening belutsen wiene, en sneon is der in feest. "Dan steane hjir yn de loads foodtrucks en is der taart. Wy ferwachtsje sa'n 140 man", fertelt Klaas.
Hy fynt it wol moai west, nei 40 jier. Jannie hat it der swierder mei. "Ik fyn it dreech. Dat jou ik earlik ta. Klaas is der wol klear mei. Mar ik moat it echt loslitte."