Persoanlike oarlochsferhalen út Súdwest-Fryslân socht: fan anekdoates oant deiboeken

Nena Huizinga, De Tiid, Oarloch
Archivaris Nena Huizinga © Omrop Fryslan
It is dit jier 79 jier lyn dat der yn Nederlân in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. De minsken dy't de oarlochsjierren noch bewust meimakke hawwe wurdt alle jierren lytser. Súdwest-Fryslân docht dêrom in oprop: wa hat noch persoanlike ferhalen?
De gemeente Súdwest-Fryslân hat it toaniel west fan in grut ferskaat oan oarlochsgebeurtenissen. Sa is te tinken oan de loftoarloch boppe de Iselmar, de militêre aksjes by Koarnwertersân yn 1940 en 1945. Mar Súdwest-Fryslân hie ek hongerevakuees, fersetsstriders, en der wie in lytse Joadske mienskip yn Snits.
De grutte linen binne wol bekend, mar de gemeente wol graach mear witte oer wat minsken persoanlik meimakke hawwe. Dêrom dat der begjin dit jier in oprop útdien is, oan minsken om har te melden mei ferhalen of guod dat in nij ljocht skine litte kin oer Súdwest-Fryslân yn oarlochstiid.

Ut de earste of twadde hân

Archivaris Nena Huizinga is ien fan de minsken by Histoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert dy't de ferhalen sammelje mei. Se hawwe twa ynrinmiddeis organisearre, mar komme ek by minsken op besite as dat nedich is. It giet om sawol ferhalen út earste hân, mar ek om guod dat minsken op souder fûn hawwe fan famyljeleden dy't bygelyks ferstoarn binne.
Sake Lantinga, WO2, oarloch
Sake Lanting foar de Oarloch © Omrop Fryslan
Ien fan de saken dy't oant no ta by de gemeente oankaam is, is it ferhaal fan Sake Lantinga, berne yn Wiuwert. Lantinga is yn it begjin fan de oarloch nei Dútslân gien, mooglik om dêr te wurkjen, en hat dêr de hiele oarloch west. Huizinga: "Yn dit argyf sitte in tal foto's, wêrûnder ien út 1943 yn Markendorf."
Huizinga wol graach mear witte oer wat der yn dat plakje Markendorf plakhân hat. "Watfoar groep it krekt is (op de foto), dat witte we net." Uteinlik hat Lanting de oarloch net oerlibbe, hy kaam yn in Frânsk kriichsfinzenekamp telâne, en is dêr ferstoarn.

Dútsk unifoarm

Nei syn dea krige de famylje fan Lanting noch inkelde brieven fan in oare Nederlanner dy't ek yn it Frânske finzenekamp siet. Pas resint hat de famylje dizze brieven weromfûn en oerlange oan De Tiid.
Súdwest-Fryslân siket persoanlike oarlochsferhalen
De brieven litte in nijsgjirrich ljocht skine op it ferhaal. "De skriuwer hie oan Sake tasein dat er syn âlders skriuwe soe", fertelt Huizinga. "Yn de earste brief lit er witte dat Sake en hy beide yn it kriichsfinzenekamp sieten. En ek skriuwt er dat: 'Sake geheel tegen zijn zin in een Duits uniform had moeten aantrekken.'"

Trochfertelle

De ferhalen lykas dy fan Sake Lanting wurde sammele, om letter troch te fertellen middels in boekje, in presintaasje of fia in tentoanstelling. Minsken dy't noch oarlochsferhalen hawwe, of dy't mear witte oer Markendorf meie in mailtsje stjoere nei De Tiid. En hoe lyts ek, alle ferhalen oer de oarloch binne wolkom, seit Huizinga.