Jonge (17) feroardiele ta wurkstraf foar slim ûngelok yn Damwâld

It oprêden nei it ûngelok
It oprêden nei it ûngelok © CAMJO Media
In 17-jierrige jonge fan Broeksterwâld is feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren en in rydûntsizzing fan in jier. De jonge feroarsake op 11 desimber 2022 in slim ûngelok yn Damwâld.
De jonge wie doedestiids 15 jier en hie dus noch gjin rydbewiis. Hy hie dronken en wie yn de auto fan syn âlden stapt om in maat út Dokkum te heljen.
Yn Damwâld gie it mis op in krusing: de jonge ried mei mear as 100 km/oere, hie in telefoan yn 'e hân en ferliende gjin foarrang, mei in grutte botsing ta gefolch. De ravaazje wie gigantysk. Beide auto's rekken flink skansearre en ek twa parkearre auto's en in motor waarden rekke.

Beide slachtoffers noch net wersteld

De oare bestjoerder siet beknypt en waard swierferwûne nei it sikehûs brocht. Beide ynsitters fan de oare auto binne noch net folslein opknapt.
De rjochter oardiele dat de jonge "onaanvaardbare risico's" naam hat. It hie noch folle slimmer ôfrinne kinnen. "Dat alle betrokkenen het ongeval hebben overleefd mag een wonder heten."
Der wie in promillaazje fan 510 ug/l fêststeld by de jonge. In bestjoerder mei net mear as 220 ug/l hawwe en foar in begjinnend bestjoerders jildt sels noch 88 ug/l.
De eask wie in wurkstraf fan 100 oeren, twa wiken jeugddetinsje ûnder betingst en in rydûntsizzing fan in jier. De rjochter hat der lykwols rekken mei holden dat de jonge flink spyt hat fan syn dieden en syn ekskuzen oanbiede wol. De kâns op werhelling is neffens de rjochter lyts.