De lekkerste snert fan Fryslân komt út Sint Anne

De nije snertkening
De nije snertkening © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De lekkerste snert fan Fryslân komt út Sint Anne. Siem Willem van Steinvoorn is de winner wurden fan de snertwedstriid fan Omrop Fryslân.
De sjuery is unanym yn it oardiel. Fan 20 dielnimmers is de snert fan Van Steinvoorn de lekkerste, seit sjuerryfoarsitter en topkok Reitse Spanninga.
Neist Spanninga bestiet de sjuery út waarfrou Tjitske Wiebenga en dosint Jappie de Jong (voedingsmiddelentechnologie).
Sa wurdt Siem Willem van Steinvoorn útroppen ta snertkening 2024
De smaak jout de trochslach, seit Spanninga. "Dizze snert preaunen we as ien fan de lêsten. It wie in soarte fan eureka-momint."
"Alle yngrediïnten sitte deryn. En de struktuer is ek hiel goed. It moat krekt fan de leppel ôf rinne: 90 persint fan de snert dy't we preaun ha, wie te dik."

Net meidwaan

De 50-jieriige van Steinvoorn wurket yn it deistich libben by de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy woe earst eins hielendal net meidwaan oan de snertwedstriid.
"Myn suske trune der op oan. Dat hie se de foarige kear ek al dien, doe't Omrop Fryslân de lekkerste snert fan Fryslân socht."
Doe hat er de boat ôfholden. "Mar no tocht ik: ik doch it gewoan."

Geheim

Syn geheim? "Je moatte der der tiid foar nimme. Ik ha fjouwer en in heal oere dwaande west."
Dielnimmers fan de snertwedstriid die't harren snert op warmje
Dielnimmers fan de snertwedstriid © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De tiid is net it iennichste dat de snert fan Van Steinvoorn sa goed makket. "Ik ha farske yngrediïnten brûkt. En woarst fan de slachter. Dy moatte je der net direkt yn dwaan, mar op it lêst. Dan hâlde je de 'bite'."

Snert sûnder woarst

Woarst is in belangrike smaakmakker fan snert. En dochs wie der ien kandidaat dy't in fegetaryske fariant makke hie, mei oesterswammen.
"Dy wie ek opfallend lekker", seit Spanninga. "Dy hie genôch fulling." De fegetaryske snert einige bûten de top trije. "Mar wol yn de top 10", seit Spanninga.

Mem of beppe

It winnende resept fan Van Steinvoorn is oer de jierren wol feroare, seit er. "Dit is echt oars as de snert dy't mem eartiids makke. Ik pas hieltyd wat oan."
Sokke oanpassingen ha de measte kandidaten wol dien, seit Spanninga. "Mar se sizze eins allegearre: de basis, dy leit by mem. Of beppe."