Henk de Jong is net tefreden oer syn ploech: "Wy jouwe goals fuort"

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur
Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong hat de seleksje fan Cambuur yn de training op skerp set. De Jong is net tefreden oer de wize wêrop't syn spilers de duels oan giene.
De Jong bemuoide him fysyk mei in duel tusken Daniël van Kaam en Wiebe Kooistra, troch de bal tusken dy spilers wyld fuort te skoppen. "Sy giene de duels net yn om dy te winnen. Dêrtroch jouwe wy yn de wedstriden goals fuort en dat is skande."
Oft dizze bysûndere aksje effekt hat, moat moarn yn de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht bliken dwaan. It makke wol yndruk, want it waard efkes hiel stil op de training yn it Cambuurstadion.
Henk de Jong relativearre de aksje nei de training. "As je spylje sa as wy spylje wolle, dan moatte je duels winne. Oars geane wy deroan."

Brutaal wêze

Der hat grif noch wat frustraasje yn de aksje fan De Jong sitten. De Ljouwerters wisten yn de wedstriid tsjin VVV Venlo oant twa kear ta in foarsprong net fêst te hâlden. Al seit de trainer dat dy frustraasje der tongersdei wol út wie.
"Mar we moatte der in stikje by hawwe. Yn brutaliteit. Kom op. Tinke: dit winne we."
Henk de Jong is frustrearre en hat ferlet fan wat mear brutaliteit
Cambuur stiet foar drokke wiken. Op 27 febrewaris is de heale bekerfinale tsjin NEC en der binne ek dûbelde programma's yn de kompetysje. Henk de Jong hâldt dêr rekken mei.
Sa begjint Fedde de Jong tsjin FC Utrecht bygelyks op de bank. "Ik moat op de jonges passe. Yn de kommende wiken spylje wy seis wedstriden. We moatte se net stikken draaie, want der komme wichtige wiken oan. Dan haw ik eltsenien nedich."

Jong FC Utrecht net ûnderskatte

De 'jong'-teams moatte net ûnderskat wurde, wit ek Cambuur. Fan Jong FC Utrecht waard yn it begjin fan de kompetysje noch mei 3-2 ferlern.
Henk de Jong: "Yn it begjin fan de kompetysje binne dy teams noch hiel jong. Mar sy binne no wend. Dy ploegen, lykas Jong AZ, Jong PSV en Jong FC Utrecht, binne like goed as ús. Wy kinne net tinke dat wy dat samar efkes winne. Dêr moatte we alles foar dwaan."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht begjint freed om 20.00 oere. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma.