Is it no snert of eartesop? Fiif fragen oer dit typysk winterske sop

In komke earte
In komke earte © Shutterstock.com (StockphotoVideo)
It is in typysk wintergerjocht: snert. Of eartesop. Mar wat is it no krekt en hoe makkest no in goede panne eartesop?
Binne snert en eartesop einlik wol itselde? En is snert in typysk regionaal gerjocht of miene wy dat allegear mar? Sjefkok Reitse Spanninga beäntwurdet fiif fragen.
Reitse Spanninga makket snert
Reitse Spanninga makket snert © Omrop Fryslân
Wat is snert of eartesop no krekt?
"Alderearst is snert eartesop dat in dei stien hat. Earst is it gewoan eartesop. Dat wurdt fansels makke fan earten, dat kinne splitearten of hiele earten wêze. Mei splitearten giet it wat hurder, want dy falle gauwer útinoar. Ast de sop in dei stean litst, wurdt dy folle tsjokker, minsken neame it dan pas snert."
Wêr komt eartesop wei? Is it wat typysk Frysks of Nederlânsks?
"Foar safier't ik wit is it net typysk Nederlânsk of Frysk. Wol is it yn Nederlân in tradisjoneel gerjocht, mar oer de hiele wrâld hast wol soppen fan earten en beantsjes. Dy binne der bygelyks yn Skandinavië ek in soad. Rûnom op de wrâld besteane soksoarte fan soppen wol, al hast oeral oare grienten. It soe sa kinne dat se der earne oars in pastinaak yn smite."
Dus net typysk Frysk, mar bestiet der wol soks as Fryske snert?
"Yn prinsipe is Fryske snert itselde as Nederlânske snert. Ik wit net oft der echt ien Fryske snert is, want elkenien makket it wer krekt oars. Ik meitsje de snert wol ris 'Frysk' troch der in drûge woarst trochhinne te dwaan. Dy smaak, it sâlt, dat lûkt der dan út en jout de snert in oare smaak.
Snert is wol wat inte op Fryslân, it kostet neat om te meitsjen. En Fryslân wie eartiids net altyd sa'n ryk gebiet. Fleis wie doe ek djoer, dus se diene der nei alle gedachten geregeldwei gjin fleis yn. Miskien ris in woartel. Der wie wol ryk folk, mar foar de rest wiene it meast arbeiders. Snert giet werom op it ytpatroan fan dy minsken."
Hoe lang ite minsken hjir dan al snert? En wêrom krekt?
"Snert wurdt al hiel lang iten. Fan de pakes en beppes fan ús pake en beppe wit ik dat se it allegear al ieten, mar it sil sûnt 'mensenheugenis' al iten wurde. Wy binne fanâlds in agrarysk gebiet, dêr past snert goed by.
Omrop Fryslân organisearret woansdei 21 febrewaris in snertwedstriid. Yn it radioprogramma No Derfoar! om 9.30 oere nimme tweintich dielnimmers it tsjininoar op foar de priis fan lekkerste snert fan Fryslân.
It fiedet hartstikkene goed en is al mei in hiel pear yngrediïnten te meitsjen. Troch de tiid hinne is it ek feroare, mar dat hast altyd. Myn soan is ek sjef, as ik sjoch hoe't dy iten siedet dan is dat alwer hiel oars as hoe't ik dat doch."
Mei of sûnder drûge woarst, minsken assosjearje snert faak mei de winter. Hoe kin dat?
"Ja, dat sit aardich yn ús DNA. Dat hat te krijen mei de strange winters, it kâlde waar. Snert betsjut koalhydraten en setmoal, en minsken hiene dy brânstof nedich om waarm te bliuwen, of om reedride te kinnen. Dat kostet in soad enerzjy."