Ljouwert krijt in IKEA, mar wol in miny: de lytste fêstiging fan it lân

In grutte fêstiging fan IKEA
In grutte fêstiging fan IKEA © ANP
IKEA iepenet in fêstiging op De Centrale yn Ljouwert. Alteast, in lyts 'Plan & Order Point'. Der komt in showroom en der is wat wenguod te keap, mar klanten kinne der foaral foar advys en bestellingen terjochte.
Dêr't de grutte winkels fan it wenwarehûs faak sa'n 25.000 kante meter binne, wurdt de IKEA yn Ljouwert mar sa'n 650 kante meter. In stik lytser dus. Sterker noch, it wurdt de lytste fêstiging fan it lân.

Septimber

De bedoeling is dat de fêstiging yn septimber iepenet. It wurdt de 14e fêstiging fan it konsern yn Nederlân. Mei de Ljouwerter fêstiging hopet IKEA tagonkliker en berikberder te wurden. Mei dizze fysike winkels wol IKEA mear help op maat jaan.
In 'Plan & Order Point' fan IKEA
In 'Plan & Order Point' fan IKEA © IKEA
Yn de winkel krije klanten advys, kinne se ûntwerpen gearstalle en dêr bestellingen foar pleatse. Der is in lytse seleksje wenassessoires te keap. It Plan & Order Point is benammen foar keukens, kleankasten en opberchsystemen.