Oppermachtich Ajax pakt froulju Hearrenfean yn mei 5-1

Iris Teijema
Iris Teijema (rjochts) fan Hearrenfean © Orange Pictures
De froulju fan Ajax ha yn Amsterdam mei 5-1 ôfrekkene mei sc Hearrenfean. Binnen 20 minuten stiene de Friezen al mei 3-0 achter.
Hikkesluter Hearrenfean koe snein subtopper Fortuna noch fan skoaren ôfhâlde (0-0), mar kaam no eins net oan de bal. Ajax like ûnderweis nei in meunsterskoare, mar nei 20 minuten begûn Hearrenfean better te spyljen, en waard Ajax slordiger.
Keeper Jasmijn Resink fan Hearrenfeanwie sa no en dan slordich, mar by flagen die se it ek poerbêst. mei hiele goeie rêdingen.

Hoekstra mist

Ajax like yn de twadde helte de krêften te sparjen, mar der slûpten ek flaterkes yn. Tiny Hoekstra miste twa grutte kânsen, mar makke wol de 4-0.
Hearrenfean skoarde ek, út de iennichste kâns, mei tank oan in skot fan Iris Teijema.
Yn de lêste minút makke Ajax de stân definityf mei in strafskop fan Sherida Spitse: 5-1.