Seal stampfol foar reinbôgebelied: "Iedereen moet gezien worden"

Aksje
Aksjefierders foar it provinsjehûs © Omrop Fryslân
Der koe net ien mear by, yn de seal dêr't Provinsjale Steateleden prate oer it Fryske reinbôgebelied. In lytse hûndert minsken wolle har hearre litte.
Foarôfgeand oan de kommisjegearkomste sammelen sy harren by de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dêr wiene "leafdefolle aksjes", sa't Sipke Jan Bousema it omskriuwt, om omtinken te freegjen foar it belang fan it reinbôgebelied.
Dêrnei rûnen de minsken nei it Provinsjehûs. Sy dielden yn de folle kommisjeseal blommen út, dêr't kaartsjes mei persoanlike ferhalen oan hongen, en se setten hertfoarmige ballonnen del.
In bûnte stoet fan aksjefierders rint troch Ljouwert
Der binne mear as fyftich persoanlike ferhalen oan it provinsjebestjoer oanbean, en in noch te publisearjen opinystik is troch mear as 150 grutte organisaasjes yn Fryslân ûndertekene, seit Bousema. "Dus se sille bespeure dat it stipe wurdt en dat it wichtich is dat de provinsje 'de daad bij het woord voegt'."

Ynsprekkers

Ien fan de sprekkers is Sytse Dam. Hy wie yn 1980 by de earste homodemonstraasje yn Ljouwert. Hy seit dat de akseptaasje no folle better is, mar dat it wol minder liket te wurden.
Cody Klaver is learling fan in middelbere skoalle en non-binêr, en spruts ek yn. "Als er geen ondersteuning is, zijn er niet minder van ons, maar dan zijn wij wel minder veilig."
Cees van der Meer, psycholooch by it COC, neamt it wichtich dat it reinbôgebelied oer it folsleine belied fan de provinsje brûkt wurdt. "Kijk voor alle portefeuilles hoe je inclusiviteit hierin kunt verwerken. We willen niet meer rechten, maar iedereen moet gezien worden."
ynsprekkers, reinbôgebelied
Cees van der Meer, rjochts op de foto © Omrop Fryslân
Van der Meer krige de measte fragen fan steateleden, benammen oer de sifers oer akseptaasje. Hy seit dat 93 persint fan de Nederlanners fynt dat elkenien himsels wêze kin, mar as it tichteby komt, yn de eigen famylje- of freonekring, dan wurdt dat persintaazje rap leger.
"Daarom is het belangrijk voor de provincie om een plek te zijn waar iedereen zichzelf kan zijn."
Deputearre Steaten besleaten op 16 jannewaris om gjin 'aktyf reinbôgebelied' te fieren, omdat it "gjin taak fan de provinsje is". Dêrom soe der ek gjin budzjet foar wêze. Dat late ta in soad krityk fan partijen en mienskipsorganisaasjes. Provinsjale Steaten hienen yn 2022 nammentlik in moasje oannaam om wol aktyf reinbôgebelied te fieren, dêr moast alle jierren 50.000 euro foar frijmakke wurde.
Reinbôgebelied fiere betsjut dat de provinsje him aktyf ynsette moat foar emansipaasje, sosjale feilichheid en akseptaasje.
Net alle sprekkers woansdeitejûn binne foar reinbôgebelied Jules Smetsers fan de homo-organisaasje De Roze Leeuw kaam út Noard-Brabân wei om te sizzen dat in útsûnderingsposysje net wurket. "Mensen die een voorkeurspositie krijgen, roepen meer afkeer op."
Op 28 febrewaris stimme Provinsjale Steaten opnij oer it reinbôgebelied.