Meindert Talma skriuwt it Frysk Kadoboek: "Moaie útdaging yn it Frysk"

Meindert Talma
Meindert Talma © Reyer Boxem
Meindert Talma is de skriuwer fan it Frysk Kadoboek 2024. De skriuwer en muzikant sil foar de Fryske Boekewike in autobiografyske, tragikomyske novelle útbringe.
It boek is de hiele boekewike, fan sneon 2 novimber oant en mei snein 10 novimber, fergees te ferkrijen by oankeap fan in Frysk boek.
"Ik fûn it wol in moaie útdaging om yn it Frysk in boekje te meitsjen", fertelt Talma. Hoewol't it boek Talma syn planning yn de war skopt, hat er der wol nocht oan.
It ûnderwerp ferswijt er noch efkes: "Ik hâld it leaver geheim. Ik betink faak nije dingen as ik dwaande bin."
De yn Surhústerfean berne Talma publisearre syn debútroman 'Dammen met ome Hajo' yn 1999. Dêrneist kaam de skriuwer yn 2003 mei 'Kriebelvisje', en yn 2011 mei 'Laat het orgel jammeren'.
Talma hat ek ferskate romans útbrocht yn kombinaasje mei syn muzykkarriêre. De romans 'Kelderkoorts', 'Je denkt dat het komt' en 'Gezinsverbijstering' waarden mei oanslutende muzykalbums publisearre.
It kadoboek, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân, waard yn 2023 skreaun troch Anita Terpstra. Minsken dy't it kadoboek yn it besit hiene, koene fergees reizgje mei de bussen en treinen fan Arriva.
It Frysk Kadoboek 2024 wurdt op 1 novimber presintearre op it Frysk Boekefeest.