QR-koaden bringe begraafplakken fan Easterwâlde en De Fochtel ta libben

In QR-koade fertelt it ferhaal by dizze mysterieuze tinkstien
In QR-koade fertelt it ferhaal by dizze mysterieuze tinkstien © Omrop Fryslân, René Koster
Begraafplakken hâlde faak in soad yndrukwekkende ferhalen ferburgen. Om dy mear sjen te litten, pleatst Stichting Begraafplaatsen Oosterwolde en Fochteloo pealtsjes mei QR-koaden.
Op de measte tinkstiennen stiet net folle mear as in namme, in berte- en stjerdatum en heechút noch in bibeltekst of wat persoanliks. Wa't de persoan net kennen hat, sil it ferhaal efter de persoan nea witte.
Dat is skande, fynt de Stichting Begraafplaatsen Oosterwolde en Fochteloo. Want eins foarmje de ferhalen efter de stiennen in soarte lokaal argyf, seit foarsitter Jan Koops.
De stichting is dêrom dwaande om by sa folle mooglik tinkstiennen pealtsjes mei QR-koaden de stetten. Fia de mobile telefoan kin dan it ferhaal by dy persoan oproppen wurde, yllustrearre mei foto's en artikels út kranten.
Foarsitter Jan Koops op it begraafplak Prandigahof yn Easterwâlde
Foarsitter Jan Koops op it begraafplak Prandigahof yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, René Koster
Wa wie bygelyks Hendrik Hoogeveen (1903-1981)? Wa't by syn stien op it begraafplak stiet, komt wol de berte- en stjerdatum te witten. Hoogeveen wie troud mei Uilkje van der Wal, dy't njonken him begroeven leit. Mar folle mear fertelt it grêfmonumint net.

'Meester Hoogeveen'

Mar mei de QR-koade komme je mear te witten. Dan komt 'meester Hoogeveen' - want sa stie hy bekend- figuerlik wer ta libben. Mei in ferhaal oer him as skoalmaster, as lokaal politikus, mar ek as skriuwer fan berneboeken.
Der binne prachtige omslaggen te sjen fan (datearre) titels as 'Het was maar een woonwagenjongen', 'Het jonge boerenknechtje' en 'Toen de Amboneesjes kwamen'. Dat lêste op basis fan syn ûnderfining op de eigen skoalle nei de komst fan in soad Molukkers nei de regio.
Boektitels fan Hendrik Hoogeveen
Boektitels fan Hendrik Hoogeveen © sbof.nl
Sa binne der noch folle mear ferhalen te fertellen. Gauris as ynkleuring fan de skiednis, mar ek as yllustraasje fan de tiid wêryn't sa'n persoan libbe.
Njonken suksesferhalen fan ûndernimmers en fabrikanten wurdt der ek ferteld oer tryste en oandwaanlike omstannichheden. It ferhaal fan in ynwenner út it doarp dy't yn de oarloch in foute kar makke, komt like goed foarby as dat fan slachtoffers fan de oarloch.

Oeren oan ferhalen op it hôf

Wa't ien kear begjint mei it scannen fan de koaden, kin wol oeren trochbringe tusken de stiennen op it hôf. Ferhalen oer in drama yn Kamp Ybenheer, oer in man dy't omkaam by it kloklieden en oer immen dy't it slachtoffer waard fan in feanbrân bringe de skiednis ta libben.
Dan giet it fansels oer de notabelen út it doarp, mar ek oer markante doarpelingen, lykas de frachtrider dy't bekend wie as 'Sipke Tuf'.
Somtiden wurdt der sels in mystearje oplost, bygelyks by de stien mei as ienige tekst 'Vaders Rustplaats'. Yn de ferklearring docht bliken dat de strange winter fan 1963 in rol spile, de winter fan de Alvestêdetocht mei Reinier Paping as winner.
In QR-koade op in begraafplak
In QR-koade op in begraafplak © Omrop Fryslân, René Koster
Dit projekt fan de stichting yn Easterwâlde en De Fochtel is ek lanlik opfallen. It hat ûndertusken sels ta in nominaajse laat foar in prestisjeuze priis: de Gouden Terebinth.

Funerêr erfgoed

Dit is in priis dy't eltse twa jier útrikt wurdt foar 'útsûnderlike ynspanningen foar behâld en behear fan bysûndere begraafplakken of restauraasjes fan bysûndere grêfmonuminten' en yn it libben roppen is troch Terebinth. Dat is in stichting foar funerêr erfgoed yn Leiden.
Foar de Gouden Terebinth fan 2024 bin trije begraafplakken nominearre. Njonken dy fan de Fryske stichting binne dat it begraafplak fan Groenesteeg en de freonen fan Beth Chaim, it Joadske begraafplak yn Veenendaal. Op sneon 24 febrewaris wurdt de winner bekend.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Dizze dokumintêre is ek as podcast te finen op Spotify of Apple Podcasts.