Liveblog | 14 febrewaris

112-nijs 14 febrewaris: Bestjoerder Streetview-auto te dronken foar blaastest

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 14 febrewaris, 22:52
22:52

Kamera-auto yn greppel

INSTA
De auto yn de greppel © Plysje Tytsjerksteradiel (op instagram)
In auto mei in kamera op it dak is by Eastermar yn in greppel bedarre. Neffens de plysje hie de bestjoerder út Veenendaal (67) te folle dronken. Troch hieltyd hinne en wer te riden hie er noch besocht wer op de dyk te kommen.
Doe't de plysje oankaam wie de alkohollucht al te rûken. "Een geopend blik bier in de middenconsole verklaarde waardoor de man van de weg was geraakt", skriuwt de plysje op Instagram. De bestjoerder wie sa dronken dat it net slagge om in blaastest te dwaan.
19:35

Tongersdei mooglik betiid lûdshinder by Fleanbasis

fleanbasis ljouwert f-35
In F-35 by de Fleanbasis yn Ljouwert © Lennard Jan Geerts
De Ljouwerter Fleanbasis meldt dat se tongersdei al fan 7.30 oere ôf iepen binne fanwegen de dielnimming fan gefjochtsfleantugen oan in grutte NAVO-oefening. Dat betsjut dat der mooglik al betiid lûdsoerlêst is om de Fleanbasis hinne.
It beslút is naam om't de fleanôfstân nei it oefengebiet reedlik grut is.
18:18

Auto fan de dyk by Wolvegea

BTB
De auto rekke fan de dyk © BTB Fotografie
Op in ôfrit fan de A32 by Wolvegea is in bestjoerder mei de auto fan de dyk rekke. Der rekke net ien ferwûne.
Neffens in fotograaf dy't derby wie soe de dyk glêd west ha troch reinwetter. By min waar giet it faker mis op dizze ôfslach: as de dyk glêd is, soene der geregeld auto's de greppel yn glide.
17:36

Auto rydt lantearnepeal om

Auto rydt lantearnepeal om
Auto rydt lantearnepeal om © Kappers Media
In auto is woansdei fan de dyk rekke en tsjin in lantearnepeal botst op de Syl yn Boalsert.
De peal foel dêrtroch om en de auto rekke skansearre.
In berger sil de auto ophelje.
13:53

Frijspraak foar measte fertochten karbidkanon De Jouwer

It karbidkanon op kamerabyld
It karbidkanon op kamerabyld © Omrop Fryslân
Sân fan de tsien mannen dy't foar de rjochter stiene omdat se belutsen wiene by it ôfsjitten fan in karbidkanon op De Jouwer binne yn heger berop frijsprutsen. De oare trije krije in wurkstraf fan 180 oeren.
13:05

Wetterlek yn Hollum

wetterlek op it amelan hollum
It wetter streamt troch de Herenweg yn Hollum © Gemeente Amelân
De Herenweg yn Hollum op It Amelân is yn in rivierke feroare. Der is op it stuit sprake fan in wetterlek.
De ferwachting is dat in part fan it doarp foar langere tiid sûnder wetter sit. Wetterbedriuw Vitens is ûnderweis om de saak te ûndersykjen en op te lossen.
Hoe't it lek ûntstean koe, is net bekend.