Measte fertochten karbidkanon De Jouwer dochs frijsprutsen

It karbidkanon op kamerabyld
It karbidkanon op kamerabyld © Omrop Fryslân
Sân fan de tsien manlju dy't terjochte stiene foar it ûntploffe litten fan in karbidkanon op De Jouwer binne frijsprutsen. De oare trije hawwe in taakstraf fan 180 oeren oplein krigen. It gerjochtshôf yn Ljouwert die woansdeitemiddei útspraak yn it heger berop dat tsjinne tsjin de manlju.
De útspraak is opfallend, want twa wiken lyn waard troch justysje foar alle fertochten 180 oeren taakstraf easke. Neffens justysje wie der sprake fan in bewuste aksje, "die de grenzen van een grap volstrekt voorbijgaat."
De manlju fan tusken de 23 en 30 jier âld binne yn 2022 al feroardiele ta 180 oeren wurkstraf. Mar sy giene yn berop, om't neffens harren nea sprake west hat fan opset.
Bylden fan de ûntploffing
Troch it sjitten mei it karbidkanon ûntstie der flink wat skea op De Jouwer. It barde al op âldjiersdei 2020, mar de saak spilet goed trije jier letter noch hieltyd.
Neffens de rjochter is fan sân manjlu "het aandeel niet zo groot dat er van medeplegen tot het laten ontploffen sprake is". It sântal hong wol yn de buert om, by de haven en by de brêge, mar dat is net genôch om harren te feroardielen en dêrom binne sy frijsprutsen.

"Bewust tot ontploffing gebracht"

De trije oaren wurde wol ferantwurdlik holden foar de eksploazje. It giet om in 26-jierrige man út Lúnbert, in 24-jierrige ynwenner fan Skarsterbrêge en in 23-jierrige Jouster.
"Zij reden in de auto met daarachter het carbidkanon door het centrum van Joure en hebben bewust op de brug het kanon tot ontploffing gebracht", sei de rjochter. Ien fan harren hat mei in ûntstekkingsmeganisme de jarretank eksplodearje litten.
jouwer
It plak dêr't it karbidkanon ôfgie op 31 desimber 2020 © Omrop Fryslân
"Sân kliïnten binne út de skroeven en trije net", fettet advokaat Tjalling van der Goot fan de tsien fertochten gear. "It gerjochtshôf giet út fan in moedwillige ûntploffing en dêrfan sizze myn kliïnten dat dat net sa is."
Van der Goot kin noch net sizze oft it feroardiele trijetal yn kassaasje giet. Dat wol sizze: opnij nei de rjochter stappe om de feroardieling oan te fjochtsjen. "Dat is in kar dy't je nea op de dei fan in útspraak meitsje. Wy moatte earst sjen hoe't it gerjochtshôf de feroardieling ûnderboud hat."

Freonegroep út inoar fallen

Pynlikste aspekt fan de saak is neffens de advokaat dat de freoneploech achter it ynsidint út inoar fallen is. "Der wiene folle mear persoanen by belutsen as de tsien dy't yn de rjochtbank sieten. Guon hawwe harren ferantwurdlikens naam, mar oaren ha dat net oandoard", seit Van der Goot.
"Dat is spitich, want it bliuwt in lytse mienskip. Dizze rjochtsaak 'bonjourt' dêr dwers trochhinne. It belangrykste is dat sy wer troch ien doar kinne, mar dat sil tiid nedich ha."