Lelyline is ‘finansjeel risiko’ yn ferslach Plasterk: provinsje fernuvere oer begrutte kosten

Ynformateur Ronald Plasterk mei syn einferslach
Ynformateur Ronald Plasterk mei syn einferslach © ANP
It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hâldt der rekken mei dat de kosten foar de Lelyline oprinne kinne oant 10 miljard euro. Dat docht bliken út it rapport fan ynformateur Ronald Plasterk oer de formaasje.
Yn dat rapport stiet de flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten yn it rychje mei finansjele risiko's, omdat it Ryk oant no ta noch mar 3 miljard foar de spoarline reservearre hat. Dat betsjut dat der in finansjeel gat is fan 7 miljard.
Wy hawwe gjin idee wêr't dit bedrach krekt weikomt.
Deputearre Matthijs de Vries
Deputearre Matthijs de Vries seit yn in earste reaksje dat er 'ferrast' is oer it bedrach fan 10 miljard yn it rapport.
"Wy hawwe gjin idee wêr't dit bedrach krekt weikomt", seit De Vries. "De kosten fan de Lelyline binne oant no ta altyd rûsd op 6 oant 8 miljard."
Neffens De Vries hat de Lelylijn op dit stuit noch gjin echte begrutting, omdat de projektorganisaasje ûnder lieding fan Stijn Lechner noch dwaande is mei in ûndersyk nei it optimale trasee.

Trasee

De begrutting fan de spoarline hinget fansels nau gear mei it trasee dêr't foar keazen wurdt. De projektorganisaasje sil yn it tredde fearnsjier fan dit jier in foarstel presintearje mei dêrby ek in 'realistyske begrutting', dat is alteast de opdracht.
Der wurde noch ferskate opsjes foar in rappere ferbining tusken Amsterdam en Grins ûndersocht
Der wurde noch ferskate opsjes foar in rappere ferbining tusken Amsterdam en Grins ûndersocht © Omrop Fryslân
De Vries fernuveret him wol oer it sifer fan 10 miljard yn it ferslach fan Plasterk. "De kosten sjitte no yn ien kear fan 6 nei 10 miljard sûnder fierdere ûnderbouwing. Dêr kinne we net safolle mei."
Matthijs de Vries
Matthijs de Vries © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De Vries is seker fan doel om it ministearje om opheldering te freegjen. "Wy freegje bestjoerlik wol hoe't dit krekt yninoar sit."