Twa Friezinnen yn Oranjeseleksje foar Nations League

Sherida Spitse
Sherida Spitse sit by de seleksje © Orange Pictures
Sherida Spitse fan Snits en Kerstin Casparij fan It Hearrenfean binne troch bûnscoach Andries Jonker opnaam yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal foar de Nations League Finals.
By dat toernoai steane der twa tickets foar de Olympyske Spelen op it spul. Oranje spilet syn earste wedstriid op 23 febrewaris yn en tsjin Spanje. Op woansdei 28 febrewaris is de twadde wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean.
As Nederlân fan Spanje wint, dan mei de ploech hoe dan ek meidwaan oan de Spelen. By in ferlies, hinget kwalifikaasje ôf fan de wedstriid tusken Dútslân en Frankryk.
Frankryk is as gastlân nammentlik al pleatst foar de Spelen. As de Frânsen fan Dútslân winne, betsjut it dat de nûmer trije fan de Nations League him ek pleatst. Dan soe de winner fan de wedstriid Nederlân - Dútslân dat ticket bemachtigje.